Sprekkers socht foar 12e Dei fan de Fryske taalkunde op 6 oktober 2023

maaie 8, 2023 08:17

It Taalkundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearret dit jier foar de tolfde kear de Dei fan de Fryske taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikology, sosjolinguistyk, histoaryske taalkunde. Yn de lêzing kin oer wittenskiplik ûndersyk rapportearre wurde, mar presintaasjes fan ûndersyksplannen, fan spekulaasjes of fan taaldatabanken binne ek wolkom. Lêzingen meie holden wurde yn alle talen dy’t ta de West-Germaanske taalfamylje behearre.

Foto: Fryske Akademy

Wannear: freed 6 oktober 2023;
Wêr: Fryske Akademy, seal Sânwâlden;
Wêr: (fan 15:30 ôf) Kafee Neushoorn (foar De Harmonie oer).

Om 15:00 rinne de dielnimmers yn tsien minuten fan de Fryske Akademy nei Neushoorn ta, dêr’t in nij frisistysk inisjatyf feestlik presintearre wurdt mei lêzingen en in resepsje. Foar elke lêzing stiet in healoere (tweintich minuten foar de lêzing, tsien minuten foar fragen).

De organisatoaren roppe sprekkers op om him/har oan te melden foar it jaan fan in lêzing. Stjoer – leafst sa gau mooglik, mar op syn lêst op 1 augustus – oer de mail in gearfetting fan in heale A4, mei namme en adres, nei Eric Hoekstra (skriuwer fan it Wurkferbân): ehoekstra@fryske-akademy.nl.

Of mei de gewoane post nei:

Fryske Akademy,
Eric Hoekstra, Taalkundich Wurkferbân,
Postbus 54,
8900 AB Ljouwert.

maaie 8, 2023 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.