Spesjale edysje fan ‘Dialectologia’ oer dialektklassifikaasjes fan talen yn Europa

maaie 20, 2023 08:17

Troch ûndersikers fan de Universiteit fan Baskelân, de Sloveenske Akademy fan wittenskip en keunst en de Fryske Akademy wurdt wurke oan it DIACLEU-projekt: Dialect Classifications of Languages in Europe.

Boarne: Fryske Akademy

It doel fan it projekt is it publisearjen fan in folslein, aktueel en histoarysk oersjoch fan dialektklassifikaasjes fan de yn Europa sprutsen endogene talen. Dêr wurde alle klassifikaasjes yn sammele dy’t oant no foar dy talen publisearre binne en wurde se dêrmei tagonklik makke foar in ynternasjonaal publyk. Alle papers binne skreaun neffens in bepaalde struktuer, sadat ferlykjend ûndersyk mooglik is.

It earste resultaat fan it DIACLEU-projekt is no ferskynd: in spesjale útjefte fan it iepen access tydskrift Dialectologia, ûnder redaksje fan it DIACLEU-ûndersykstiim: Gotzon Aurrekeotxea, Ariane Ensunza, Jožica Škofic en Hans Van de Velde. Dit is de earste fan yn totaal fjouwer spesjale edysjes fan Dialectologia oer dialektklassifikaasjes fan talen yn Europa.

Yn it earste nûmer steane artikels oer it Baskysk, Finsk, Gallo-Romaansk, Grienlânsk, Iersk, Italiaansk, Lúksemboarchsk, Noarsk en Welsk. Yn in lettere edysje komt it Frysk ek oan bar, yn in paper skreaun troch prof. dr. Arjen Versloot (Ryksuniversiteit Grins / Universiteit fan Amsterdam).

De jefte is hjir te lêzen.

maaie 20, 2023 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.