Spesjaal programma yn en om Museum Belvédère mei Oranjewâld Festival

maaie 25, 2023 08:17

Yn it Pinksterwykein wurdt de alfde edysje fan it Oranjewâld Festival holden, in mearsidich muzykfestival yn Parklânskip Oranjewâld by It Hearrenfean. Foar it earst wurdt Museum Belvédère folslein yn it evenemint yntegrearre.

Foto: Museum Belvédère

Museum Belvédere sil fan 27 o/m 29 maaie tusken 10.00 oere en 17.00 oere it episintrum foarmje fan de Expedition Zone, de aventoerlike line yn it programma fan it festival, mei in kolleksje ynstallaasjes, presintaasjes en útfieringen yn it museum en derom hinne. De haadútstalling Als de Dood wurdt neffens de museumlieding troch de gearwurking mei it festival in unike ûnderfining; byldzjende keunst en muzyk sille op tal fan manieren mei-inoar te meitsjen hawwe.

‘Op leven en dood/Message in a bottle’ fan Rob van den Broek, te sjen by ‘Als de dood’ (boarne: Museum Belvédère)

De folsleine programmearring yn en om it museum is tagonklik mei de deikaart Expedition Zone of mei in tagongskaart foar it museum foar € 14 (de Museumkaart is ek jildich). Dat is mei ynbegryp fan it hert fan it festival De Proeftuin en de Family Zone. Nei 17.00 oere binne der yn it Museumkafee in stikmannich konserten. Dêr moat in apart kaartsje foar kocht wurde.

Sjoch op oranjewoudfestival.nl foar mear ynformaasje oer it Oranjewâld Festival en op www.museumbelvedere.nl/nl/activiteiten/agenda foar mear ynformaasje oer it programma yn en om it museum.

maaie 25, 2023 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.