Snorren en burden ferbean by Skotske plysje
Resint ferskynd
Plysjes mei burden by it korps yn Skotlân moatte mei de skearkwast oan ’e slach. Fan ein dizze moanne ôf is foar in grut part fan it korps gesichtshier ferbean, berjochtet de BBC op basis fan in yntern berjocht. Neffens de Britske omrop moatte dêrtroch hûnderten plysjes tenei sûnder burd of snor troch it libben.
Oanlieding foar it opfallende beslút is it gebrûk fan saneamde FFP3-gesichtsmaskers. Dy beskerming wurdt by ûnder mear brannen, ferkearsûngelokken en gemyske ynsidinten droegen. Se wurkje it bêst as se op in skeard antlit pleatst wurde, seit de plysje. Wol jilde der útsûnderingen foar minsken mei in beheining en dejingen dy’t om religieuze, kulturele of medyske redenen it burd net ôfskeare kinne. Foar dy groepen wurdt om in oar type gesichtsmasker sjoen.
De Skotske plysjefederaasje, dêr’t hast alle plysjes by oansletten binne, seit bedobbe te wêzen ûnder klachten oer it nije belied. De BBD berjochtet dat fjouwer plysjeminsken yn har omgean litte om juridyske stappen te nimmen. By de Skotske plysje wurkje sa’n 17.000 plysjes en 6000 kantoarmeiwurkers. It is it grutste plysjekorps fan it Feriene Keninkryk, nei dat fan Londen. Dêr binne burden en snorren wol tastien, op betingst dat se der net ûnfersoarge útsjogge.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje