Skriuwersstaking rekket Hollywood: programma’s stillein
Resint ferskynd
De Amerikaanske ferdivedaasjeyndustry fernimt hieltyd mear de gefolgen fan de staking fan tekstskriuwers. Praatprogramma’s op de lette jûn wiene al fan de buis helle, mar no rint ek it nije telefyzjeseizoen gefaar. It wurk oan bygelyks The Handmaid’s Tale en in Game of Thrones-ôftakking is stillein.

Foto: pixabay.com
Ein dizze simmer soene de opnamen fan it lêste seizoen fan The Handmaid’s Tale begjinne. Ien fan de skriuwers seit tsjin parseburo Reuters dat de skripts fan in stikmannich ôfleveringen al klear wiene, mar dat no net mear oan nije wurke wurdt. It is ûndúdlik oft dat gefolgen hawwe sil foar wannear’t it programma op de telefyzje weromkomt. Stjoerder Hulu woe gjin kommentaar jaan.
Game of Thrones-skriuwer George Martin makke op syn eigen bloch buorkundich dat it wurk foar de nije rige fan syn fantasijsearje ek stillein is. A Knight of the Seven Kingdoms waard ferline moanne noch oankundige as ien fan de wichtichste titels fan stjoerder HBO ûnder de nije namme Max. Martin seit de staking te stypjen, omdat er as bodzjend fantasijskriuwer lange tiid syn ynkommen mei skriptklussen yn Hollywood oanfolje koe.
Oare titels dy’t rekke wurde, binne de nije Marvelfilm Blade, mei Mahershala Ali as fampierjeier, en it lêste seizoen fan Stranger Things. Praatprogramma’s op de lette jûn fernamen de gefolgen fan de staking fuortdaliks al, omdat presintatoaren sûnder harren skriuwers gjin grappen oer de aktualiteit mear meitsje koene. Saturday Night Live moast ek al in ôflevering mei komyk Pete Davidson skrasse.
De 11.000 skriuwers stake sûnt 2 maaie omdat se mear lean wolle en bettere ôfspraken oer fernijingen as steamingstsjinsten en keunstmjittige yntelliginsje. It fakbûn warskôget dat skriuwers minder wissens fan bestean hawwe trochdat streamingstsjinten minder faak mei fêste skriuwers wurkje en minder betelje. Boppedat wolle se ôfspraken dat skripts net mei keunstmjittige yntelliginsje makke wurde sille. In ein oan de staking liket noch net yn sicht. De studio’s neame harren lêste leanbod genereus en hawwe noch net op nije ûnderhannelingen oanstien. Presidint Biden ropt op om wer fierder te praten en hopet dat der earlike ôfspraken makke wurde kinne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje