Sineeske kanne bringt op feiling yn Twinte mear as 100.000 euro op
Resint ferskynd
In Sineeske skinkkanne hat op in feiling yn Twinte in goed ton opsmiten. De feilingmaster wist net wat him oerkaam, sei er tsjin RTV Oost.

Foto: pixabay.com
It startbod fan de kanne lei op 3000 euro. Dat wie gjin taksaasjeflater. Neffens de feilingmaster is Sineesk porslein lestich te rûzen, omdat men net sjen kin troch wa’t it brûkt is. De feilingmaster tinkt dat de wearde sa’n flecht naam troch it komôf fan de kanne. Nei alle gedachten is it keizerlik porslein of is it yn in paleis brûkt. En dat moatte de bieders witten hawwe. Wis is dat it om in skinkkanne út de achttjinde iuw giet út de tiid fan keizer Qianlong.
Der waard troch ferskate minsken fia ynternet bean en troch ien dy’t fysyk yn de seal foar in nigethawwer oanwêzich wie. “Dat bart hast nea mear. De bieders folgje it fia ynternet of telefoanysk”, fertelt de feilingmaster. Al gau ûntstie in striid tusken bieders. “Wy seagen inoar oan en tochten: wat bart der no? Dat hiene we écht net oankommen sjoen. Der wie wol wat belangstelling foar, mar dit wie in folsleine ferrassing foar ús. It rûn fluch op. Op in bepaald stuit gie it fan tritich- nei fiifentritichtûzen en sa rûn it op.”
Doe’t de feilingmaster 105.000 euro ôfhammere, folge in lûd applaus. De kanne is úteinlik troch ien út Sina kocht. Sûnt it enoarme ferkeapbedrach fan de Sineeske kanne, hawwe har ferskate eigners fan Sineesk porslein by it feilinghûs meld.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje