Sealterfryske opskriften yn de Litje Skoule Skäddel
Resint ferskynd

Foto: Litje Skoule Skäddel
It sichtber meitsjen fan it Sealterfrysk yn it Dútske East-Fryslân buorket foarút. Yn april is de Dútsktalige paadwizer yn it gemeentehûs al ferfongen troch in twatalige Dútsk/Sealterske paadwizer. No hat de Litje Skoule yn Skäddel de folgjende stap set. Alle doarren hawwe dêr no ientalige Sealterfryske opskriften. De klasselokalen hienen allegear in Sealterfryske plaknamme, dy’t no mei grutte letters op de doarren skreaun is. De oare keamers binne ek foarsjoen fan Sealterfryske teksten.
De Sealterfryske beneamingen binne in inisjatyf fan juf Ingeborg Remmers, dy’t op skoallen al langer kampanje fiert foar it Sealterfrysk. Sy is de skriuwer fan it nije learboek Seeltersk lopt, jout Sealterfrysk en brûkt it ek as ynstruksjetaal foar oare fakken yn de twatalige klasse. De Sealterfryske teksten binne mooglik makke troch finansiering fan it Nedersaksyske ministearje fan Underwiis.
De Oarbaidskring Seeltersk, dêr’t ûnder oare de gemeente Sealterlân en de Sealterske skoallen yn fertsjintwurdige binne, stribbet dernei om it Sealterfrysk yn it deistich libben sichtberder te meitsjen.

Foto: Litje Skoule Skäddel
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje