Ryk draacht by oan it projekt Fersterkjen Fryske Iselmarkust

maaie 29, 2023 08:17

It Ryk stelt goed 12,6 miljoen euro beskikber foar it fersterkjen fan de Fryske Iselmarkust. Dat skriuwt it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat oan Deputearre Steaten fan Fryslân. It jild is ornearre foar aktiviteiten dy’t bydrage oan it ophelpen en duorsum ynrjochtsjen fan de Fryske Iselmarkust.

Iselmarkust by Teakesyl (foto: Provinsje Fryslân)

Yn Versterken Friese IJsselmeerkust (VFIJ) wurkje it Ryk en de regio gear om de Fryske Iselmarkust te fersterkjen, te ferbetterjen en moaier te meitsjen. Dy regio wurdt foarme troch provinsje Fryslân, de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren, Wetterskip Fryslân en ferskillende natuerbehear-organisaasjes. Dy sette har mei-inoar yn foar it fergrutsjen fan de feilichheid, it lytser meitsjen fan de kâns op wetteroerlêst en it ferheegjen fan de ekologyske wetterkwaliteit. De regio stelt 5 miljoen euro beskikber foar VFIJ.

“De ôfrûne tiid hawwe wy drok west mei it meitsjen fan plannen foar it fuortsterkjen fan de Fryske Iselmarkust. De gearwurking yn de regio is goed en wy binne tige bliid dat it ministearje dêr ek in bydrage yn leveret. Ik sjoch dernei út dat meikoarten de earste skeppe de grûn yn kin”, seit deputearre Friso Douwstra.

Maatregels
Yn ferskate plakken oan de Fryske Iselmarkust wurde maatregels nommen om de kust te op te knappen en te ferduorsumjen. By Warkum, Hylpen, Mokkebank-Laaksum, de strannen fan Gaasterlân en De Lemmer-Teakesyl steane wurksumheden pland. Ein 2023 of begjin 2024 wurdt dermei begûn. It wurk moat op 31 desimber 2025 klear wêze.

Sjoch foar mear ynformaasje oer de Fryske Iselmarkust op www.frieseijsselmeerkust.frl.

maaie 29, 2023 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.