Roman oer bline rjochter en dokter, dy’t berntsje út bûtenlân adoptearje wolle
Resint ferskynd

Pyt Damsma (boarne: Utjouwerij Elikser)
By útjouwerij Elikser is de roman Blyn rjocht fan Pyt Damsma ferskynd.
Oer it boek
Ids Sytswerda is rjochter yn oplieding en wit him tegearre mei syn blinehûn Kjeld prima te rêden op syn wurk en thús. Syn frou Minke is dokter en wurket yn it sikehûs. Tegearre ha se in moai libben, mar se ha ien grutte winsk en dy kin net yn ferfolling gean: in bern fan harren sels. Se melde har dan oan foar adopsje. Dat is in lange wei, mei om’t Ids blyn is. En troch de omjouwing wurdt it ek net altyd begrepen. Mar úteinlik krije se dan nijs.
Oer de skriuwer
Pyt Damsma is berne (1943), hikke en tein yn Boalsert. Nei syn skoaloplieding rûgele er as learaar Nederlânsk en skiednis it fuortset ûnderwiis yn. De Fryske taal krige him lykwols yn ’e besnijing en hy sette him ta skriuwen. Fan syn hân ferskynden: Wa’t earen hat, Jimme en ik, Oars en net oars, Stimmen dy’t roppe. Nei in skoft ‘rêst’ dus no syn nijste roman: Blyn rjocht. Maatskiplike ûnderwerpen hawwe syn foarkar.
Titel: Blyn rjocht | Skriuwer: Pyt Damsma (De Like) | Tal siden: 266 | ISBN: 978-94-6365-528-6 | Priis: € 21,50

Boarne: Utjouwerij Elikser
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje