Poëtyske reis oer Fryske taal yn de Gouden Leeuw
Resint ferskynd
Gabrielle Terpstra studearret dit jier ôf oan de Akademy foar Popkultuer en hat dêrom in show makke dy’t se Katharsis neamd hat. Op tiisdei 16 maaie lit se, tegearre mei Alwin van der Toorn, de reis sjen dy’t se makke hat, troch ferhaal en poëzy mei muzyk te kombinearjen op it poadium fan kafee de Gouden Leeuw yn Tresoar te Ljouwert. De foarstelling is makke yn ’e mande mei Axl en Marco Hofstede, dy’t de spilers dizze middei ek muzikaal begeliede.
Reis
De foarstelling giet oer in reis mei trauma en it oerbetterjen dêrfan en oer de rol dy’t de Fryske taal dêryn spile. Oan de middei wurkje as gast in in stikmannich dichters mei. Gabrielle Terpstra presintearret de middei mei Arjan Hut. Tusken de dichters troch geane se djipper yn op de ûnderwerpen fan de dichters en beprate se de tema’s dy’t yn de foardrachten weromkomme.

Poster troch Sietske Harkema
Dat allegearre belooft in feest te wurden. Der is kofje en tee (en Fryske dúmkes!) by it ynrinnen en letter kin it publyk sels noch in sûpke by de bar helje.
De ynrin is fan 14.30 oere ôf en om 15.00 oere begjint de middei, dy’t oant 17.00 oere duorje sil.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje