Pier Bergsma: Abraham, in gefaar

maaie 11, 2023 12:00

Kollum

Pieter Lastman, It offer fan Abraham, 1612 (publyk domein, Ryksmuseum)

Minsken hâlde fan ferhalen, mar it is wol wichtich om dêr kritysk mei om te gean, benammen mei de ferhalen út de Toara, de Bibel en de Koran.

Yn jannewaris 1781 gie yn München de opera Idomeneo faN Mozart yn premjêre. It ferhaal is basearre op de Grykske âldheid. Nei de fal fan Troaje wurdt Idomeneo ûnderweis nei hûs oerfallen troch in stoarm. Syn skip stiet op it punt om te sinken. Deabenaud, belooft seit er de god fan de see, Poseidon, om it earste dat him moetet te offerjen. Alteast, as Poseidon him oerlibje lit. De earste moeting is mei syn eigen soan Idamante. Spitigernôch is Idomeneo fan betinken dat er bûn is oan syn gedachteleaze en dwaze belofte. De ein fan it ferhaal is net yn alle tradysjes itselde. Mozart lit Poseidon op it lêste momint yngripe. Idamante oerlibbet.

Itselde tema komme wy tsjin yn it bibelferhaal fan Jefta (Rjochters 11). De rjochter Jefta ûnthjit God dat, as de Ammoniten ferovere wurde, hy de earste persoan dy’t er moetet, offerje sil. Nei syn oerwinning nimt it ferhaal in tragyske kear. Syn eigen dochter komt him dûnsjend en spyljend op de tamboeryn temjitte. Jefta achtet himsels bûn oan syn healwize gelofte. De dochter mei twa moanne de bergen yn om har klear te meitsjen foar har tryste lot. Gjin yngreep en it famke, sûnder namme, stjert.

In bekender ferhaal is dat fan Abraham en Izaäk. Nei lange jierren fan berneleazens hawwe Abraham en Sara in soan. Abraham is dan al hûndert jier âld, neffens it ferhaal yn Genesis 21. Dan kriget Abraham de opdracht om syn soan Izaäk oan Him te offerjen. Pas op it alderlêste momint, Izaäk is al bûn, komt der in ingel dy’t tsjin Abraham seit dat it offer net nedich is, om’t God sjoen hat dat Abraham ree wie om syn eigen soan te offerjen. In raam dy’t mei de hoarnen yn ‘e boskjes ferwûne sit, wurdt yn stee fan Izaäk, delstutsen en offere.

Yn de ferteltradysje fan kristlike skoallen en op ortodokse preekstuollen waard it ferhaal fan Abraham en Izaäk eartiids wiidweidich ferteld. Miskien noch wol. It wie spannend, dy âlde heit mei it lytse bern de berch op. De jonge freget heit ek noch wêr’t it offerdier is, mar heit seit gerêststellend (?) dat God dêrfoar soargje sil. De bêste konklúzje dy’t dan lutsen wurde koe, wie dat God gjin berne-offers freget, wat blykber yn âlde tiden troch oare goaden wol frege waard.

Dat is net de útlis dy’t der yn de trije ‘hillige’ boeken oan jûn wurdt. Abraham wurdt heech achte fanwegen syn grut leauwe. Yn alle trije monoteïstyske religys wurdt Abraham priizge. Hy is ommers ree om syn eigen soan op te offerjen as God him dat freget. Yn ‘e Koran (Soera 19:41) en yn ‘e Bibel (Johannes 8:39) wurdt hy in foarbyld neamd.

Kom my net oan mei de konklúzje dat God net om minske-offers freget. Yn it Exodusferhaal wurde alle earstbernen yn Egypte op befel fan God fermoarde. Jefta (Rjochters 11) wurdt holden oan syn dwaze belofte om syn eigen dochter te offerjen. Boppedat hat God syn eigen Soan jûn en stjerre litten oan it krús as in fersoening foar ús sûnden. Dat hie om my net hoecht.

Wat moatte wy mei sokke ferhalen? God praat net tsjin minsken, it is literatuer. Gefaarlike literatuer. Der binne dwazen dy’t harren misdieden en dwalingen rjochtfeardigje mei in berop op de letterlike ynterpretaasje fan ‘e Koran, de Toara of de Bibel.

Ik ha meilijen mei dy bok, dy’t yn stee fan Izaäk delstutsen waard (Genesis 22:13).

maaie 11, 2023 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.