Oprop Lesbysk Argyf Ljouwert
Resint ferskynd

Keunsthûs SYB. Eigen foto
Fan 8 maaie oant 18 juny binne keunstner-ûndersikers Pia Louwerens en Katinka van Gorkum te gast by Keunsthûs SYB yn Beetstersweach, dêr’t se it eardere Lesbysk Argyf Ljouwert op artistike wize ûndersykje en ûntslute sille.
Yn ferbân dêrmei wolle se graach yn ’e kunde komme mei minsken dy’t as organisator, frijwilliger of besiker belutsen west hawwe by dat argyf, dat opset waard by Henny Smid thús, en sûnt 1987 yn it Anna Blamanhûs* oan it Noardfliet húsfêste wie.
Wa’t de keunstneressen dêr ynformaasje oer jaan kin, kin kontakt opnimme mei vangorkum.katinka@gmail.com of in e-mail stjoere nei info@kunsthuissyb.nl. Efkes oankomme kin ek. Keunsthûs SYB is yn de neamde perioade sneons en sneins fan 13.00 oant 17.00 oere iepen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje