Opnij rekôrtal dielnimmers oan kwalifikaasje Grut Frysk Diktee

maaie 10, 2023 16:29

Der hawwe dit jier 372 minsken meidien oan de kwalifikaasje foar It Grut Frysk Diktee, dat binne der 115 mear as ferline jier. De tweintich bêsten dêrfan meie meidwaan oan de grutte finale op 23 maaie yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. Op woansdei 24 maaie om 20.30 oere stjoert Omrop Fryslân it diktee út op telefyzje. 

Habtamu de Hoop (l.), skriuwer en Lútsen Bakker, winner 2022 (foto: ©Peter de Jong Fotografie)

Dat der dit jier sa’n soad minsken oan de kwalifikaasje meidien hawwe is echt fantastysk, seit sjueryfoarsitter Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy: “It Frysk libbet by jong en âld, dat sjogge je ek oan de tweintich dielnimmers dy’t oan de finale meidogge: seis fan de tweintich finalisten binne jonger as tritich. Dêr binne wy hiel bliid mei.” De dikteetekst is dit jier skreaun troch sjongeres Iris Kroes en it giet oer in bepaalde faze yn it libben.

Teams
Neist de tweintich dielnimmers dy’t har kwalifisearre hawwe dogge der ek fiif teams mei dy’t de striid mei-inoar oangeane. Der is in team mei Fryske artysten mei ûnder oare Johannes Rypma, Pieter Sahieter en Nynke Heeg. In oar team wurdt foarme troch sjoernalisten fan it Frysk Deiblêd (Erik Betten en Ellen Stickelbroek), Omrop Fryslân (Diana de Groot en Timo Jepkema) en de Ljouwerter Krante (Pier Abe Santema en Melle Veltman). Fierders is der noch in team mei dominys, Pabo-studinten en in groep jongerein fan de keet Beunhok.bv út Twizelerheide.
De winner fan It Grut Frysk Diktee giet nei hûs mei ‘it gouden dakje’. Foar it winnende team is in aparte priis.

De opwaarmer
Om elkenien alfêst op te waarmjen foar it diktee stjoert Omrop Fryslân op tiisdeitejûn 23 maaie om 19.30 oere in ekstra útstjoering út: It Grut Frysk Diktee – De opwaarmer. Oan tafel by Miranda Werkman sitte dikteeskriuwster Iris Kroes, Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy en deputearre Sietske Poepjes. Underwerp fan it petear is it Frysk. Wat betsjut it Frysk foar harren persoanlik en giet it op dit stuit mei it Frysk?

Meidwaan
Minsken dy’t nei It Grut Frysk Diktee sjogge, kinne thús sels meiskriuwe. De dikteetekst wurdt yn de útstjoering trochrûn en besprutsen en is nei ôfrin te finen op www.fryskdiktee.nl.

It Grut Frysk Diktee wurdt organisearre troch de Afûk, it Sintrum Meartaligens fan Cedin, de Fryske Akademy, de Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer It Grut Frysk Diktee is te finen op www.fryskdiktee.nl.

It Grut Frysk Diktee is op woansdei 24 maaie om 20.30 oere te sjen by Omrop Fryslân. De presintaasje is yn hannen fan Miranda Werkman.

maaie 10, 2023 16:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.