Ofstudearfestival fan Akademy foar Popkultuer yn Neushoorn

maaie 25, 2023 08:36

In festival mei de nijsgjirrichste programmearring dy’t mar te betinken is.”, Sa kundiget de Akademy foar Popkultuer yn Ljouwert syn ôfstudearfestival oan. “Ferwachtsje beukende noiserock, spannende films, cutting edge hiphop, prachtich byldzjend wurk en moade, psychedelyske muzyk mei fisuals, dampende techno, yntime fertellingen en mear, allegearre presintearre as ynterdissiplinêr wurk.” In soad ferskillende troch de Akademy oplate artysten presintearje harren nije wurk en dat liket dus hiel wat yn te hâlden.

Ofstudearfestival
Mar leafst 45 studinten fan de Akademy jouwe harren ôfstudearperformance op it earste ôfstudearfestival op 25 maaie op it poppoadium fan de Ljouwerter Neushoorn.

Muzyk: Rowdy – Concepted Evolution
Kamera bylden + montaazje: Frankson Image
Grafysk ûntwerp: Yateesha van Loon

Programma
Dat studinten oan de Akademy foar Popkultuer har ûntwikkele hawwe ta ynterdissiplinêre artysten is dúdlik te sjen yn it programma. In talkshow oer daten, teäterfoarstellingen, in duorsume miny-merk én in wiidweidich muzykprogramma, mei op de line-up ûnder oaren Christopher404 (earder sjoen by Eurosonic Noorderslag 2022) en SSTO (winners Kleine Prijs van Fryslân 2022 ). It is in lytse greep út it blokskema (klik der op om it goed te lêzen):

Design: Yateesha van Loon.

Fan middeis tolve oere oant healwei fjouweren binne besikers wolkom yn it Neushoorn Café, dêr’t de earste prototypen presintearre wurde fan studinten dy’t no healwei it ôfstudearjen binne. Fan jûns sân oere oant healwei ienen barste de optredens los fan de studinten dy’t dit jier ôfstudearje. De tagong is de hiele dei fergees.

maaie 25, 2023 08:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.