Oflevering bernesearje ‘Bluey’ oanpast fanwege gewichtsdiskriminaasje

maaie 8, 2023 08:21

In ôflevering fan de wrâldwiid populêre bernesearje Bluey is nei fûle krityk oanpast. De makkers waarden beskuldige fan gewichtsdiskriminaasje, it bespotlik meitsjen fan ien fanwegen syn of har gewicht. Kritisy sizze dat bern der in negatyf selsbyld fan krije kinne.

Ofbylding: pixabay.com

De Australyske bernesearje, dy’t ek yn Nederlân te sjen is, giet oer it libben fan it seisjierrich blau hûntsje Bluey. Yn de ôflevering dêr’t it om giet, stiet har heit Bandit op de weachskaal, wylst er seit dat er nedich sporte moat. De mem befêstiget dat mei de wurden: “Fertel my wat”. Te sjen is hoe’t de heit de bûk byinoar knypt om sjen te litten dat er tsjok is. “Wêrom giest net gewoan te sporten?”, freget Bluey.

Ferkeard boadskip
Nei’t de ôflevering yn Australië útstjoerd wie, kaam der kommentaar fan sawol âlden as eksperts. De Australyske bernediëtiste Kyla Smith neamde it ûngemaklik om te sjen. “Bern hoege net te sjen hoe’t harren âlden harren lichem haatsje of dat se sporte moatte om tinner te wurden.” Smith seit lykwols wol in grut fan fan de searje te wêzen, mei om’t de makkers in protte foarkommende problemen besprekber meitsje. It begjin fan de ôflevering foel dus by har net goed. “Sporte mei as iennige doel om der better út te sjen, is net it boadskip dat ik myn bern meijaan wol”, seit Smith.

Emmy Award
De sêne is no troch de makkers út de ôflevering helle. “De nije ferzje fan dit diel jout húshâldens de kâns om op harren eigen wize wichtige petearen te fieren”, seit de Australyske omrop ABC. De ôflevering begjint no fuortdaliks mei in sportende heit Bandit en dochter Bluey.

Bluey wurdt yn mear as sechstich lannen útstjoerd en wûn yn 2020 in Emmy Award foar bêste berneprogramma. It diel oer sporten is yn Nederlân noch net útstjoerd.

maaie 8, 2023 08:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.