Oargelkonsert troch Peter van der Zwaag yn Doarpstsjerke Huzum op 19 maaie

maaie 4, 2023 08:27 Fernijd

Nei de restauraasje fan it oargel yn de Doarpstsjerke Huzum, ein 2015, hawwe der al faak oargelkonserten west op in freedteneimiddei fan 17.00 oant 18.00 oere. Freed 19 maaie 2023 is der ek wer in oargelkonsert. Dan is Peter van der Zwaag út Ljouwert de oargelist dy’t prachtige klanken fan it fraai restaurearre oargel hearre litte sil. It programma fan syn konsert sil yn it teken fan John Dowland stean.

Peter van der Zwaag (eigen foto)

Peter van der Zwaag (1986) studearre oargel by Theo Jellema en Erwin Wiersinga oan it Prins Claus Konservatoarium yn Grins en helle yn 2015 syn diploma master of music. Dêrneist studearre er byfak klavesimbel by Johan Hofmann. Hy wûn ferskate prizen op konkoersen, lykas twa kear de earste priis op it Ynternasjonaal Oargelkonkoers Jan Pieterszoon Sweelinck (2017 en 2019). Hy folge masterlessen by û.o. Luigi Ferdinando Tagliavini, Lorenzo Ghielmi, Wolfgang Zerer, Eric Lebrun, Guy Bovet en Ben van Oosten. Hy hat in breed repertoire, mei in bysûndere niget foar 16e- en 17e-iuwske muzyk.

Sûnt 1 april lêstlyn is er de nije oargelist fan de Grutte of Jakobinertsjerke yn Ljouwert. Hy is artistyk adviseur fan de stifting Organum Frisicum en haadredakteur fan de Friese Orgelkrant. Dêrneist is er eigener fan de muzykhannel en -útjouwerij Boeijenga Music yn Ljouwert. Oan de Ryksuniversiteit Grins hat er ek in stúdzje rjochtsgeleardheid folge.

Foto: Doarpstsjerke Huzum

Nigethawwers binne fan herten wolkom foar in oere oargelmuzyk ûnder it geniet fan in kop kofje of tee foar € 2,00. De oargelkonserten binne fergees tagonklik, mar in frijwillige bydrage foar de musisy wurdt tige op priis steld. Wa’t op tiid komt, kin in moai plak útsykje.

Oargelkonsert troch Peter van der Zwaag
Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum, Ljouwert;
Freed 19 maaie 2023 fan 17.00 oant 18.00 oere.

By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne – op rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk).

Mear ynformaasje stiet op www.dorpskerkhuizum.nl, www.facebook.com/dorpskerkhuizum en www.petervdzwaag.com.

maaie 4, 2023 08:27 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.