Oant 15 maaie noch ynstjoere foar de Rely
Resint ferskynd
Wa’t gading meitsje wol nei in Rely Jorritsmapriis, kin noch oant 15 maaie syn of har ferhaal en/of gedicht ynstjoere. De sjuery, dy’t de ynstjoeringen anonym hifket, kin op syn meast fiif ferhalen en fiif fersen bekroanje. Elk bekroane ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro.

Rely Jorritsma (boarne: It Skriuwersboun)
De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan rely@stiftingflmd.frl.
Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery, besteande út Beart Oosterhaven, Oene Spoelstra en Marrit de Schiffart.
Foar mear ynformaasje sjoch de webside www.stiftingflmd.frl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje