Nijsgjirrige eksposysje yn Harns
Resint ferskynd
Eksposysjebesprek troch Matthijs Verkuijl
De âlde keapmanswente Hannemahûs yn Harns is tsjintwurdich in kombinaasje fan museum en gemeente-argyf. Op de boppeste etaazjes kin men in histoarysk oersjoch fan de stêd sjen, mar benammen fan de havenfunksje, dy’t iuwen lyn gâns grutter wie as yn de hjoeddeiske situaasje. Alderhande pakhuzen fan foarhinne tsjûgje dêr noch fan, mar hawwe tsjintwurdich faak in oare bestimming.

Foto Matthijs Verkuijl
Op it stuit is dêr in tydlike útstalling oer de Twadde Wrâldoarloch, mei dêryn de Dútske besetting, mar ek de úteinlike befrijing op 17 april 1945 troch de Kanadezen. Feitlik is it in oersjoch oer de fjirtiger jierren oant en mei de tiid fan nei de kapitulaasje fan in part fan de Dútske kriichsmacht yn Harns en omjouwing. Dat wurdt yn byld brocht mei tema’s as mobilisaasje, besetting, it oan it wurk setten fan jongelju yn Dútslân en de oprop fan de oerheid dêrfoar, it tekoart oan iten yn de oarloch en nei de befrijing en de deportaasje fan sa’n 44 Joadske ynwenners nei de konsintraasjekampen en de rol fan it ferset en de eksekúsjes fan guon leden.
Bysûnder is it ferhaal fan boargemaster A.E. Hannema, dy’t troch de besetter yn 1943 ôfset wie en ferfongen waard troch in NSB-lid, mar dy’t daliks nei de befrijing wer beneamd waard.
Net allinnich is in nijsgjirrige film te sjen, mar fansels ek in grutte samling fan foto’s, posters fan de oerheid en relikwyen út de oarlochstiid. Bysûnder is it om de gefolgen en skea fan de oarloch yn de stêd te sjen, net allinnich troch de kriichsmacht, mar ek troch bombardeminten fan de Ingelske loftmacht en sels it delstoarten fan in Ingelsk fleantúch.

Foto Matthijs Verkuijl
No, yn de tiid fan de jierlikse betinkingen fan 4 en 5 maaie, is it wol nijsgjirrich om mei in besite oan it museum wer stil te stean by in swarte bledside yn ús Fryske histoarje.
Ynformaasje
Utstalling: Harns 1940-1945. Taastber oantinken
Hannemahûs, Voorstraat 56, Harns
Rint o/m 28 maaie 2023
Iepeningstiden: fia https://hannemahuis.nl/ en telefoan 051741 26 58.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje