Nije subsydzje-omgong eigners Fryske monuminten

maaie 12, 2023 08:17

Eigners fan Fryske monuminten kinne fan 18 oant en mei 22 septimber 2023 subsydzje oanfreegje foar ûnderhâld oan harren monumint. Foar de Subsydzjeregeling Monuminten (SUMO) kinne eigners by de provinsje terjochte. Dit jier is yn mei-inoar 2,7 miljoen euro oan Ryks- en provinsjaal jild beskikber.

Teekoepel yn Frjentsjer (foto: Provinsje Fryslân)

De subsydzje kin brûkt wurde foar ûnder oaren restauraasje en werbestimming fan Ryks- en gemeentlike monuminten en karakteristike gebouwen. It ûnderhâld fan monumintale mûnen en plankosten falle ek ûnder de regeling. Foar wenhuzen is de subsydzje net fan tapassing.

Deputearre erfgoed Klaas Fokkinga hopet dat ek dit jier de regeling wer goed brûkt wurde sil. “Wy moatte sunich wêze op ús prachtige erfgoed, want dat heart by it ‘Ferhaal fan Fryslân’. Goed ûnderhâld is dêr krúsjaal by. Mar fakkundich ûnderhâld is ek kostber en krekt dêrom is de subsydzje sa wichtich.”

Ferline jier kamen 35 Fryske monuminten yn ’e beneaming foar subsydzje op in opknapbeurt. Doe krige ien fan de fjouwer teehúskes tsjin it Noarderbolwurk yn Frjentsjer subsydzje foar de restauraasje fan it dak. Yn ‘e earste helte fan ‘e 17de iuw lieten de professoaren siertunen mei simmerkoepels oanlizze. Fierders hiene yn de stêd allinnich de stinzen in koepel yn de tún. Pas nei 1734 mochten ek yn de tunen fan huzen koepels boud wurde.

Mear ynformaasje
De subsydzjeregeling foar 2023 is te finen op: www.fryslan.frl/monumenten. In oanfraach yntsjinje kin fan 18 oant en mei 22 septimber 2023.

maaie 12, 2023 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.