Nije struktuer Ried Fryske Beweging moat takomst treast wêze
Resint ferskynd
It bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging wol yngeand reorganisearje om better foar it Frysk opkomme te kinnen. Ynkoarten moatte de knopen dêroer trochslein wurde.
De lêste jierren is in protte praat oer de takomst fan de Ried fan de Fryske Beweging. Lês bygelyks Soargen oer takomst Ried fan de Fryske Beweging nochris werom en Reorganisaasjes lykje kommendewei yn de Fryske Beweging.
Op de foarige gearkomste fan it Algemien Bestjoer, ornaris Grutte Ried neamd, mei fertsjintwurdigers fan oansletten selskippen en stipers, waard in foarriedich beliedsplan yn diskusje jûn. Neidat der noch gelegenheid wie om skriftlik te reagearjen is yn desimber troch it deistich bestjoer it beliedsplan 2023- 2027 fêststeld, mei as wichtich punt in oare organisaasjestruktuer.
Mei dy nije struktuer, dy’t oanslút by de hjoeddeistige praktyk, tinkt it bestjoer slachfeardiger en effisjinter wurkje te kinnen. Dêrta sil de foechhawwende Grutte Ried omfoarme wurde ta in Advysried. En der wurde op it stuit prikken yn it wurk steld om nei it model fan de goed funksjonearjende Politike kommisje (de POK) in Mienskipskommisje te foarmjen, mei as doel in better netwurk op te bouwen yn Fryslân. Fierder sil in op te rjochtsjen Publisiteitskommisje tenei in wichtige rol krije. Want de kommunikaasje mei it grutte publyk moat neffens it bestjoer better en it belang en de wearde fan it Frysk en wat de Ried dêroan bydrage kin moat dúdliker oer it fuotljocht brocht wurde.
De folgjende stap is in wiziging fan it karbrief fan de Ried fan de Fryske Beweging om de nije struktuer te formalisearjen. De wizigingsfoarstellen wurde ynkoarten foarlein oan de Grutte Ried.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje