Nije natoergids oer spinnen, wantsen en sweefmiggen

maaie 20, 2023 17:04

Kommende wike ferskynt wer in natoergids fan Sake P. Roodbergen út Akkrum. Dizze giet oer fyftich spinnesoarten, fyftich wantsesoarten en fyftich soarten sweefmiggen. Fan de spinnen komme der yn ús lân sa’n seishûndert soarten foar en oan wantsen en sweefmiggen likernôch trijehûndert. It wurdt de achtste Frysktalige natoergids dy’t Roodbergen makke.

It begûn yn 2005 mei Fûgels. Dy gids waard troch It Fryske Gea by gelegenheid fan syn 75-jierrich bestean yn de ledewerfkampanje brûkt. Yn 2013 folge Blommen, oer wylde planten yn ús omjouwing. Yn de jierren dêrnei kamen noch fiif fan sokke gidsen út. It plaatsje hjirûnder lit sjen oer watfoar ûnderwerpen.

Foar it meitsjen fan de achtste gids hat de skriuwer de help ynroppen fan saakkundigen: foar de spinnen de Peter Koomen fan it Frysk Natuer­museum, foar de wantsen Berend Aukema en foar de sweefmiggen Wouter van Steenis. De lêstneamden fan it bioferskaatsintrum Naturalis yn Leiden. Dêr is ek de prachtige determinaasje-app Obsidentify ûntwikkele, bedoeld om maklik lytse bistjes en planten op namme te bringen.
In protte minsken hawwe belangeleas fotomateriaal beskikber steld.

Yn de Algemiene Ynlieding fan de nije natoergids wurde de wichtichste saken oer de trije groepen fan saneamde Lidpoatigen beskreaun. Dêrnei folgje fyftich soartbeskriuwingen fan elk fan de trije groepen lytse bistjes. Yn in Yndeks efteryn steane alle nammen, de Fryske, de Hollânske en de wittenskiplike. By elke groep wurdt in tal boeken neamd mei mear ynformaasje oer de soarten.

It earste eksimplaar sil woansdei 24 maaie oan boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente It Hearrenfean oerlange wurde. Dêrnei is de gids, lykas al syn foargongers, yn de boekhannel te keap.

Boekgegevens
Sake P. Roodbergen, Spinnen, Wantsen en Sweefmiggen
Opmaak Richard Bos, Ljouwert
Utjouwerij Wijdemeer, Dokkum
ISBN 978 949 205 291 9
Priis € 12,50

maaie 20, 2023 17:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.