Nij koroanaskaai wreidet fluch
Resint ferskynd
- Denzel Washington tiisdei yn ‘Het Uur van de Wolf’ 0
- Advintskonsert troch Vocaal Ensemble Vocalibre yn Doarpstsjerke Huzum 0
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
In nij koroanaskaai, arcturus, wreidet him fluch oer de wrâld út. Troch Skaai XBB 1.16 nimt it tal ynfeksjes ta, mar it laat foarearst net ta mear slim sike minsken. Wol is der noed dat it tal minsken mei post-covid tanimt, seit firolooch Marion Koopmans. It skaai giet foaral yn Yndia en de Feriene Steaten om, mar is ek al yn Nederlân fûn.

Boarne: Unsplash
XBB1.16 wreidet him rap út, trochdat antystoffen dy’t troch faksinaasjes opwekke binne, minder goed tsjin de mutaasje beskermje. Dat is reden om wach te wêzen, mar laat foarearst net ta ekstra maatregels. Neffens in wurdfierder fan it RIVM is it nije skaai yn Nederlân noch net yn it rioelwetter fûn, mar wol by guon pasjinten yn sikehuzen. Sûnt it begjin fan de koroana-útbraak yn 2020 binne ferskillende skaaien fan de goarre ûntstien. Omikron kaam fan ein 2021 ôf it measte foar. Underwilens binne der ferskillende soarten fan omikron en dizze nije ferzje is der ien fan.
Firologe Koopmans seit dat der gjin oanwizingen binne dat minsken siker wurde fan de nije mutaasje. De klachten lykje net slimmer te wurden. Wol hat se noed dat it tal pasjinten mei post-covid tanimme kin. By dy sykte, dy’t ek wol long-covid neamd wurdt, hâlde pasjinten lang lêst fan koroanaklachten. Hoe’t de sykte ûntstiet, is noch net bekend. Dêr wurdt ûndersyk nei dien.
In Britske wittenskipper oppenearre in deimannich lyn dat de Britten yn it iepenbier ferfier wer mûlekapkes drage moatte soene. Mar dêr sjocht it RIVM gjin oanlieding ta.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje