Nij ferskynd by de Afûk: ‘Kwek kwek minemyn’ fan Hindrik van der Meer

maaie 10, 2023 08:22 Fernijd

Underweis op ’e fyts fan syn wenplak Goaiïngea nei syn wurk as muzyklearaar oan Pabo De Him yn Snits betocht Hindrik van der Meer faak de teksten foar de berneferskes dy’t er skreau foar de Fryske skoalradio. En dy ferskes waarden omraak songen, want wa is der net grut wurden mei ‘Bijke’, ‘Kees Kikkert’, ‘Flip flap flinterke…’ en al dy oare ûnferjitlike ferskes.

Boarne: Afûk

Yn de rin fan de jierren ferskynden de ferskes yn ferskillende boeken, Kwek kwek minemyn (1976), Hup sûpen grottenbrij (1980), Retteketet tsjyng boem (1992) en De bisteboel fan omke Roel (2011, mei ferhalen fan Thys Wadman en nije arranzjeminten fan Kees van der Meer). By dy boeken ferskynden respektyflik ek elpees, kassettebantsjes en cd’s. No binne de ferskes te beharkjen fia Spotify, mar se wiene net mear yn boekfoarm te krijen. Dêr is no feroaring yn kommen.

Op it sympoasium en sjongfeest dat ein april foar him en syn frou organisearre waard yn Tresoar, joech Hindrik van der Meer oan dat er noed hat dat it hieltyd minder wurdt mei it mei-inoar sjongen en spyljen: “Op skoallen wurdt der hast net mear songen, wylst dat tige wichtich is. Lieten ferbine, je sjonge allegearre deselde wurden.” Yn de nije Kwek kwek minemyn is in samling fan de bekendste bisteferskes byinoar brocht, mei de noaten en akkoarden derby. Sjonge en spylje mar.

Hindrik van der Meer (1938) hat hûnderten (berne)lieten komponearre en krige yn 2009 de Fryske Anjer foar syn grutte fertsjinsten foar de Fryske kultuer, benammen op it mêd fan de muzyk.

Boekgegevens
Kwek kwek minemyn | Auteur: Hindrik van der Meer | Yllustraasjes: Aizo Betten | Utfiering: ynbûn | Tal siden: 48 | ISBN: 978 94 9331 8045 | Ferkeappriis: € 18,95 | websjop.afuk.frl.

maaie 10, 2023 08:22 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.