Needlâning op de Duerswâldmer heide (ferhaal)
Resint ferskynd
It wie 26 novimber 1943 doe’t Leslie Otho Amundson mei syn B-17 (Fleanend Fort) fan Bremen yn Dútslân ôf nei syn basis yn Ingelân weromfleach. Hy wie mei de bemanning fan de 324ste bombing-company, it 547ste skwadron, bataljon (AAF), nei in doel yn Bremen stjoerd om dat te bombardearjen. De jonge 2e luitenant wie noch mar 23 jier en dochs al piloat fan sa’n grut fleantúch.
Nei’t se dy opdracht útfierd hiene en op hûs oan setten, die ’m dêr ynienen in jachtfleantúch op. It wie in Dútske Messerschmidt, dy’t harren mei syn fijannich fjoer rekke. De beide lofter motoaren foelen út. Efkes letter moasten de rjochter wjuk, de bommeromte en de radiokeamer it troch it loftôfwargeskut belije. De radioman rekke ferwûne, wylst it loftkontrôlesysteem ek noch útfoel. De twa rjochter benzinetanks waarden trochsingele, dat de situaasje wie nuodlik. De piloat besocht om sa fier mooglik te kommen, mar it waard him en de bemanning wol dúdlik dat se Ingelân en de basis by lange nei net helje soene. Wjukkeljend fleagen se boppe de Duerswâldmer heide. De piloat besleat om in needlâning yn te setten doe’t er ynienen it boerespultsje fan de famylje Duursma seach. De B-17 hie noch krekt genôch gong om deroerhinne te kommen. It fleantúch kaam efter it pleatske telâne en luts djippe spoaren yn de heide. Widdo Duursma-Plantinga siet mei twa soannen en dochter Jantsje yn ’e hûs. Se seagen it gefaarte oankommen en neffens Jan hie syn mem roppen: “It liket wol oft der in jarretank yn ’e loft hinget! Derhinne!!”

Dútske ynskriuwing
De bemanning fan de B-17 koe op ien man nei sels út it fleantúch komme. De radioman dy’t ferwûne rekke wie, koe mei help fan de tastreamde minsken nei it boerespultsje ta brocht wurde foar de medyske help fan in húsdokter. Letter is er troch de Dútsers dochs noch nei it sikehûs brocht en dêrnei is er mei help fan it ûndergrûnske ferset ûnderdûkt.
Nei de needlâning hat ien fan de bemanning it fleantúch yn ’e brân stutsen. Dat wjerhold de befolking der net fan om alderhande oantinkens út it fleantúch te heljen doe’t se it fjoer wol sa’n bytsje dwêst hiene. De oare njoggen bemanningsleden wiene al ferdwûn en út it sicht fan de Dútsers dy’t fan de Wijnjeterper wachtpost ôf der hinne moasten. Se ha letter de restanten fan it fleantúch ôffierd, mar in fiiftal kweajonges slagge it en helje der earst noch ûnderdielen fan de mitrailleur út.
De crew is troch it ferset, ûnder de lieding fan de doe 21-jierrige Wietze Eizenga, by ferskillende húshâldingen ûnderbrocht. Fan de piloat Leslie (Les) is bekend dat er letter by de famylje T.E. de Boer yn Ljouwert ûnderdûkt sitten hie. De Boer sels wie seinwachter by de spoarwegen. Op 23 desimber 1943 is Leslie op it Sintraal Stasjon fan Amsterdam troch de Gestapo arrestearre en, neidat er ûnderfrege wie, oan de Luftwaffe as kriichsfinzene oerdroegen. Hy krige dêr it nûmer 1917, dossier nûmer 1286510. Alle oare bemanningsleden binne letter ek troch de Dútsers finzen nommen. Leslie is as kriichsfinzene nei Stalag Luft #1brocht. Dêr hat er fan 5 jannewaris oant 3 maaie 1945 finzen sitten en is úteinlik troch de Russen befrijd. De hiele bemanning hat de oarloch oerlibbe.
Op 16 maaie 2002 hat Leslie (doe 82 jier) nochris by it fjild en ek by Jan Duursma (89 jier) west om noch efkes werom te tinken en te sjen wêr’t er de needlâning makke hie. Yn in jeep ha se mei wapperjende flaggen in tochtsje makke. Dat wie in wersjen fol emoasjes. Se joegen yn it bysûnder ek nochris omtinken oan it pleatske yn ’e fierte, it boerespultsje dêr’t de famylje Steven Roels Duursma doe wenne. It is der noch en it leit as in oantinken oan de râne fan de heide, mar der wennet gjin ‘heidefolk’ mear.
Mei tank oan de famyljes Duursma, Stoker en Hooijenga.
© Henk F. Hansma, De Himrik
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje