Nederlanner ferstjert op Ibiza nei ynnimmen poddegif
Resint ferskynd
Op Ibiza is foarige moanne in Nederlanner stoarn, nei’t er hallusinearjend poddegif ynnommen hie. Dat berjochtet it AD, op basis fan meidielingen fan de Spaanske plysje. It is net dúdlik oft de man fan 58 it fergif bewust ynnommen hat of dat der sprake fan in fersin wie.

Foto: pixabay.com
It lichem fan de man waard neffens de Spaanske krante Diario de Ibiza fûn yn in bosk by it badplak Cala Llonga, dêr’t er in hûs hie. Om’t de Nederlanner ûnder fertochte omstannichheden stoarn wie, waard in forinzysk ûndersyk ynsteld. Dêr die út bliken dat de man omkommen is troch it fergif fan de koloradopodde. Dat fergif hat op minsken in sterk hallusinearjend effekt, te ferlykjen mei lsd en ayahuasca. By hege dosearringen kin de stof in koma of de dea feroarsaakje. It fergif fan de podde is bekend ûnder brûkers fan psychedelyske drugs.
Diario de Ibiza berjochtet dat der gjin oare minsken by it ynsidint behelle wiene.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje