Nasjonale Mûnedei op De Weyert yn Makkingea
Resint ferskynd

De Weyert yn Makkingea (foto: Wikipedia/Udo Ockema eigen wurk – CC BY 3.0)
Op sneon 13 en snein 14 maaie 2023 is it de fyftichste Nasjonale Mûnedei, it grutste mûnefeest fan Nederlân.
Fan hûnderten wyn- en wettermûnen yn Nederlân steane dan de doarren foar besichtiging iepen. Nôtmûne De Weyert yn Makkingea en museum Oold Ark binne ek beide dagen iepen fan 9.30 oant 16.00 oere. De yntree is € 2,50 (heale priis), bern oant tolve jier hawwe fergees tagong.
Rûnliedingen
De mûnders op De Weyert steane klear foar in rûnlieding en fertelle graach oer harren passy foar dit ‘libbene’ evenemint en harren berop dat op de Unesco-list fan kultureel erfgoed stiet. Bern kinne sykje nei Moppie de mûnemûs en in sertifikaat junior assistint-mûnder fertsjinje. Der is kofje/tee en wat lekkers. Yn de mûnewinkel kinne thúsbakkers bakmiksen fan De Weyert keapje. Yn museum Oold Ark geane besikers werom yn ’e tiid. Frijwilligers fertelle oer âlde ambachten oan ’e hân fan in grutte samling histoarysk ark.
Mear witte?
Mear ynformaasje oer de Nasjonale Mûnedei 2023 is te finen op de webside fan de 50e Mûnedei op 13 en 14 maaie | De Hollandsche Molen en www.museummolenmakkinga.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje