Molle-leafde (ferhaal)

maaie 27, 2023 09:30 Fernijd

De Himrik, yn de sechstiger jierren.

“Wat dochstó dêr?”, frege Libbe, dy’t syn buorman yn de tún oan it graven seach. Durk, sa hjitte de buorman, wie drok yn de blommetún oan it arbeidzjen. Hy hie in prachtige foartún, dy’t der wêze mocht. Efter hús wie in grut stik tún, dêr’t er gâns wat griente en sa yn ferboude.

Durk grommele: “Dy ferrekte mollen, ik kin se mar net krije. No hie ik wat afrikaantsjes ophelle en de goudsjeblommen wiene al tige oan it útkommen ta, en moatst no ris sjen. Dy mollen moasten der krekt wer ûndertroch fansels. Ik ha der al fan alles oan dien, mar hja komme út it lân hjirefter wei.”

“Miskien kinst wat molleknippen sette”, andere Libbe.
“Dy haw ik net; boppedat kin ik der net mei omgean”, sei Durk.
“Wy ha hjir oars wol in bêste mollefanger, Jan Binnes. Dy fytst wol gauris troch de buorren mei syn skeppe en ammerke. Hy moat hast fan de mollefeltsjes wol libje kinne. Miskien kinst dy wol ris freegje.”

“Net”, sei Durk, “sa lyts wol ik net wêze en miskien wol er der ek wol jild foar ha.”
“Kin ik dy helpe?” sei Libbe, “ik ha noch wol in falle yn it hok hingjen. De âlde, dy’t ik by ús trouwen krige ha, is weirekke. Miskien sit er noch wol yn in molleril. Mar ik haw in nijen. Dy sil ik wol efkes foar dy sette.”

Molleknip. Foto © Henk Hansma

Libbe gie nei syn skuorre ta en kaam efkes letter mei in gloednije falle werom. Hy makke in ril dêr’t de mol lâns kommen wie iepen en sette de falle foarsichtich, sûnder de ierde oan te reitsjen, yn de ril.
“Moarn mar wêr ris sjen”, sei er, “dan sil er der wol yn sitte.”
“Tankjewol, buorman”, sei Durk.
“Ta ‘wederdienst’ ree.”

De oare moarns ier en betiid waard der op de doar kloppe, en by it iependwaan stie Durk triomfantlik yn de iepening.
“Ik ha se”, rop er, “moatst mar ris sjen. Hy hold de knip omheech en der sieten twa mollen yn. Oan elke kant ien. De snútsjes rekken inoar krekt, as wiene se oan it tútsjeboartsjen.
“Allinne begryp ik net dat der twa yn sitte”, sei Durk.

“Dat kin wol”, sei Libbe. “Sjoch it is de tiid dat de mollen inoar opsykje. Lit ús mar sizze, it is peartiid en dan binne de mollen ek sa hjitsich as wat. De hormoanen giere harren dan troch de bealchjes en dan ferjitte se alles. No binne se blykber tagelyk op itselde plak oankommen en ‘pats’, de beide lyfkes tusken de stankjes.”
Durk skodholle en sei: “Dat is unyk, dat moat yn de krante.”

De oare wike stie Durk mei de knip en de twa mollen yn de wykkrante mei as titel: Stoarn yn it fjild fan leafde.
In hiel ferhaal folge dêrop; de krante hie der wat moais fan makke. Durk hat it letter noch faak fertelle moatten, mar dochs wiene der doe al wat twivels. Syn bynamme waard dan ek al gau Durk Mol.

Jierren letter kaam ik Libbe ris tsjin en wy hiene it oer dassen, mollen en reeën dy’t yn de tún kamen. Doe kaam it ferhaal fan de twa mollen ek te praat.
“Ik sil it dy fertelle hoe’t it siet”, sei er. “Jûns let haw ik de knip út de ril helle en ik ha twa deade mollen, dy’t ik noch yn it hok hie fan earder, yn de knip dien. Beide mei it lyfke tusken de stankjes en ik haw de knip wer yn de ril set. Moatst it mar net fierder fertelle hear, mar sa is it gien. Ik ha der sels tige nocht oan hân en do ek wol, hear ik.”

No’t Libbe en Durk beide al wer in jier of wat wei binne, kin ik it wol fertelle. Ja, eartiids wiene der ek al minsken dy’t ûndogenske dingen diene en net allinne op 1 april.

© Henk F. Hansma, De Himrik

maaie 27, 2023 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.