Minysympoasium oer iten en drinken

maaie 31, 2023 09:06

De betsjutting fan iten en drinken oan it Fryske steedhâlderlik hôf yn de 17e en 18e iuw

Op tongersdei 8 juny 2023 organisearret it Keninklik Frysk Genoatskip yn gearwurking mei de RUG Campus Fryslân in duolêzing troch Iris Witzenburg en Herman van Vliet oer de rol fan iten en drinken yn de politike kultuer fan it Fryske steedhâlderlik hôf yn de 17e en 18e iuw.

‘Stilleven met kalkoenpastei’ fan Pieter Claesz (boarne: Wikipedia – publyk domein)

Iris Witzenburg giet yn op har ûndersyk nei hoe’t de Fryske steedhâlder Willem Frederik om 1650 hinne besocht om syn macht te fergrutsjen troch ek iten en drinken yn te setten. In fleske wyn of wat parren wiene yn dy tiid net allinne mar bedoeld om yn kulinêre sin fan te genietsjen, dêr siet mear efter. Witzenburg helle yn 2022 har master skiednis oan de Ryksuniversiteit Grins en wurket no as sjoernalist by Omrop Fryslân.

Herman van Vliet slút dêrop oan troch nei te gean hoe’t de kulinêre kultuer oan it steedhâlderlik hôf yn de earste helte fan de 18e iuw opbloeide. Fia trije persoanen dy’t oan it hôf fan Willem IV ferbûn wiene, in hortulanus, in sjef-kok en in hofdame, lit er sjen hoe’t de steedhâlder prestiizje ûntliende oan in goede ytkultuer. Van Vliet helle yn 2023 syn master skiednis ek oan de RUG. Hy is ûndernimmer en hâldt him as passyboer dwaande mei it ferkoartsjen fan fiedselstringen.

Programma:
15:30 Ynrin mei kofje/tee
16:00 Iepening troch Joop Koopmans (foarsitter KFG)
16:10 Iris Witzenburg: ‘Eten en politiek ging hand in hand bij Friese stadhouder Willem Frederik’
16:40 Herman van Vliet: ‘De eetcultuur aan het Friese stadhouderlijke hof van stadhouder Willem IV’
17:10 Fragen en diskusje
17:30 Sluten en in drankje

Plak: Auditorium Campus Fryslân, Wurdumerdyk 34, 8911 CE Ljouwert.

De fiertaal fan de lêzingen is Nederlânsk. Yn diskusje is ek Frysk en Ingelsk mooglik. Oanmelde: fóár moandei 5 juny 2023 op info@friesgenootschap.nl. De tagong is fergees.

maaie 31, 2023 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.