Mear learlingen diene eineksamen Frysk
Resint ferskynd
“In echte Fries is fansels ien dy’t Frysk praat, yn Fryslân wennet en him of har dwaande hâldt mei Fryske saken, sa as skûtsjesilen en aaisykjen. Dêrneist is in echte Fries fansels yn it spier foar de oranje- of oare doarpsferiening. Net te ferjitten hâldt in echte Fries fan it Fryske lânskip: de seediken, de marren, de doarpen, stêden, eilannen. In echte Fries sjocht nei Omrop Fryslân, is nochter en gean sa mar troch. Of dochs net?”
Dat is in lyts tekststikje fan it vmbo-eksamen Frysk dêr’t in yn novimber 2020 yn tydskrift DE NIJE publisearre tekst fan Joyce Folkertsma foar brûkt waard.
Der hearde dizze fraach by:
Wat is de wichtichste funksje fan alinea 1?
A Alinea 1 jout in oanfolling op de fraach út de ynlieding boppe de tekst.
B Alinea 1 jout in opsomming fan alles dat past by de Fryske identiteit.
C Alinea 1 leit út wat in echte Fries is en wat in echte Fries docht.
D Alinea 1 stelt in fraach oer wat de Fryske identiteit no eins is.
Juster waarden de middelbere skoalle-eksamens Frysk ôfnommen. Dy waarden neffens Omrop Fryslân makke troch 176 learlingen. Dat binne tweintich mear as ferline jier. De jierren dêrfoar giene dy oantallen wat op en del tusken de 110 en 145.
Wa’t it hiele hjirboppe oanhelle eksamen Frysk ris besjen wol, of dat fan havo en vwo, kin hjirre teplak.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje