Matthijs Verkuijl: Lelyline

maaie 25, 2023 12:29

Skôging

Op dit stuit is der yn it modelspoarweimuseum yn Snits in lytse mar nijsgjirrige tentoanstelling ‘Zuiderzeelijn versus Lelylijn’ oer de histoarje en takomst fan de ferbiningen tusken de Rânestêd en it Noarden.

Al yn 1861 waard der neitocht oer in Suderseeline oftewol in ferbining mei u.o. Fryslân. Dat late úteinlik ta in feartsjinst tusken Inkhuzen en Starum om benammen de hannel en ekonomy te stimulearjen. Nei de Twadde Wrâldoarloch hie it ferfier mei de wein foarkar boppe de trein, dat sadwaande kaam der wol ferbettering fan it ferkear oer de Ofslútdyk, mar sûnder in spoarline en ek gjin Suderseeline. Yn 1969 waard op ’e nij besocht om in ferbining tusken it Noarden en it Westen te krijen, mar de polityk woe der net oan. Uteinlik gie yn 2007 it plan yn it jiskefet.

Foto © Matthijs Verkuijl

Oer de takomst fan de Lelyline giet de útstalling yn Snits, mar dan foaral oer de kar fan nije techniken, dy’t mooglik meitsje moatte om fluch mei de trein út Grins en út Ljouwert wei yn de Rânestêd te kommen. Yn sa’n 45 minuten!

Der is bygelyks útlis oer ferfier mei wetterstof, magneetbanen en sels de hyperloop, dêr’t in eksimplaar fan, ûntwikkele troch TU-Delft, fansels yn lytse foarm, yn de romte stiet en dy’t wol fiifhûndert kilometer yn ’e oere helje kin. In elektryske trein dy’t yn in soarte fan fakuüm lutsen wurdt. Yn it ramt fan technyk tige nijsgjirrich.

Fan 2018 ôf binne organisaasjes en oerheid al dwaande om de Lelyline op ’e kaart te setten. Yn it lêste regearakkoart is dêr yn de begrutting trije miljard euro foar reservearre, derfan útgeande dat de fjouwer provinsjes en bedriuwen harren bydrage ek leverje. Yn april fan dit jier hat de Europeeske Uny syn stipe jûn oan de ûntwikkeling fan de Lelyline mei it each op it útwreidzjen fan Europeeske ferbiningen, en wol fan Grins nei Hamburg fia Bremen en miskien úteinlik wol fierder nei Kopenhagen.

Foto © Matthijs Verkuijl

Dat der komt subsydzje frij, mar yn it lân sels binne, los fan it jild, in protte tûkelteammen. Ut in enkête ûnder sa’n 11.000 minsken die bliken, dat goed tachtich persint foarstanner fan de Lelyline is, soks mei it each op berikberens, wurkgelegenheid, bou fan wenningen, ferskowing fan it Westen nei it Noarden ta fan bygelyks ynvestearringen en heech oplate minsken, en de ferkearsdrokte yn it Westen.

Mar sa’t altyd it gefal is, binne der ek tsjinstanners fan de plannen fanwegen de te ferwachtsjen oantaasting fan natuergebieten en sille der nei alle gedachten aksjes en rjochtsaken komme, hoewol’t de útstjit fan stikstof en CO2 lang om let ôfnimme sil.

Uteinlik sil de Twadde Keamer der oan ’e ein fan 2024 oer diskusjearje. Foar my is it de fraach oft de Lelyline wol rendabel wêze sil, sels as de ferbining mei Dútslân trochgiet en oft se der dêr wol klear foar binne. Want dat is de ûnwissens krekt as by de saneamde Betuwelijn (1997). In projekt dat no al langer as 25 jier duorret en miskien dat yn 2026 de trochrin nei it Ruhrgebiet klear is. Wylst de kosten yn stee fan 750 miljoen al hast fiif miljard berinne. Al mei al: as it wol in goede ynvestearring wurdt, dan is it dochs hiel spitich foar it kwetsbere gebiet dat der grutte offers foar opbringe moat.

maaie 25, 2023 12:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.