Maitiidseksposysje Bax Kunst: keramyk Stefania Napolitano en skilderijen Hinke Veenstra

maaie 24, 2023 08:23 Fernijd

Ofrûne sneon is de nije eksposysje by Bax Kunst yn Snits fan start gien mei keramyk fan Stefania Napolitano en skilderijen fan Hinke Veenstra. Beide keunstners binne fêste gesichten by de galery en litte yn Snits harren nijste kleurrike kreaasjes sjen.

Keramyk fan Stefania Napolitano (boarne: Bax Kunst)

Mediterrane keramyk
Stefania Napolitano is in Italiaanske keunstneresse, berne yn Schaffhausen (Switserlân) yn 1972 en opgroeid yn Napels, dêr’t se ôfstudearre oan de keunstakademy SS Apostoli. Hja ferbûn har fuortdaliks mei keramyk en realisearre har dat it foarmjaan fan it materiaal har de mooglikheid jaan koe om har hiele artistike wrâld ta útdrukking te bringen. Hja folge jierrenlang wurkateliers fan master-keramisten yn Florence, Caserta en Napels, dêr’t se de kennis fan komplekse techniken en details fan foarmen en dekoraasje, lykas platen, kolombino en draaibank fierder ferfynje koe.

De keramyk bringt har derta har gefoelichheid en kennis út te drukken, en troch eksperimintearjen komt se ta in tige persoanlike en ferfine styl. Dêrby jout se it natuerlike materiaal foarm mei bysûnder omtinken foar kleuren. Har wurkûnderfining die se foaral yn Napels op, mar ek yn it bûtenlân, yn Ierlân, Meksiko en Burundi. Sûnt 2019 wennet en wurket Stefania yn Nederlân. By Galery Bax Kunst is it har twadde eksposysje.

‘Breakfast’ fan Hinke Veenstra (boarne: Bax Kunst)

Kleurrike skilderijen
Keunstneresse Hinke Veenstra is berne yn Emmen (1965). Hja studearre grafyske foarmjouwing oan de Akademy Minerva yn Grins (1985-1991). Nei jierren as grafysk ûntwerpster wurke te hawwen, hat se har fan de iuwwiksel ôf hieltyd mear op it skilderjen konsintrearre. In passy dy’t him woartele hat yn de jierren dat se by Hans Noordermeer yn It Toanhûs op ’e Jouwer it programma wurkpleatsskilderjen folge. Yn dy perioade oant 2009 wie der foaral it alles oerhearskjende gefoel fan sûnder steurd te wurden boartsje en eksperimintearje te meien. Sykje nei foarmen en komposysjes sûnder direkte relaasje of ferplichting nei in opdrachtjouwer. De leafde foar it doek en it boartsjen mei styl en foarm is troch de tiid allinnich mar fierder groeid. Dy boartlike ynslach is karakterisearjend en makket har wurk werkenber en tagelyk lit it him net echt yn hokjes triuwe.

Fan 2013 oant 2016 hat se nei De Foudgumske Skoalle west foar mear ferdjipping en ferbettering yn figurative skildertechniken. Dy oplieding beskôget se as in ferriking. Mei troch de lessen filosofy en materiaalkunde, en benammen ek troch de ynteraksje. It resultaat is in hieltyd bettere behearsking fan it fak. It is ek troch Foudgum dat se no foaral noch mei oaljeferve wurket. Net bûn yn ûnderwerp en materiaal is it resultaat eins altyd wer kleurryk en figuratyf. Fleurich wurk, faak mei in doasis humor, dy’t by har libbensynstelling past.

De keunstneresse eksposearret al sûnt 1997. Hja wenne jierrenlang yn Snits en naam doe diel oan ferskate eksposysjes by Bax Kunst.

De eksposysje duorret oant en mei 1 july 2023.

‘Een boeket’ fan Hinke Veenstra (boarne: Bax Kunst)

maaie 24, 2023 08:23 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.