Lútsen Bakker op ’e nij winner Grut Frysk Diktee

maaie 25, 2023 08:06

It Grut Frysk Diktee 2023 is wûn troch Lútsen Bakker fan Grins. Foarich jier wûn er it diktee ek. Dit jier wûn er it Gouden Dakje mei sân flaters.

Lútsen Bakker (foto: Jacob van Essen)

Der diene fan ‘t jier ek fiif teams mei. Dy teams strieden tsjininoar en it bêste team bestie út teologen. It groepsgemiddelde fan tsjinners fan it Wurd kaam út op 17 flaters. Se waarden folge troch de sjoernalisten en it tredde plak wie foar de pabû-studinten.

De tekst fan it diktee wie skreaun troch sjongeres Iris Kroes en gie oer it tritigersdilemma, de twivels en fragen oer wat je berikt hawwe as je tritich jier wurden binne. Iris sparre de dielnimmers net: de tekst wie pittich mei wurden as koskitengrien, ljuensk, trewes, dêr’t se de tosken mar op stikken bite koene. Ek hoe’t ‘boeddha’s’ skreaun wurde moast, soarge foar kopsoargen.

Sjuery
De sjuery bestie út dosinte Frysk Rianne Blokzijl, Eelke Goodijk (Cedin), Mirjam Vellinga (Afûk) en Akademymeiwurker Hindrik Sijens (foarsitter).

Weromsjen
It diktee is werom te sjen by Omrop Fryslân.

maaie 25, 2023 08:06
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Ed Knotter maaie 25, 10:16

    Dit is dus gjin tafal, Lútsen.
    Fan herten lokwinske!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.