Lêze sûnder steurd te wurden yn de Prinsetún

maaie 6, 2023 08:59

Op sneon 27 maaie organisearret Ljouwert Unesco City of Literature fan 14.00 oant 15.30 oere yn de Prinsetún Page Against the Machine: lêze sûnder steurd te wurden. Besikers nimme harren eigen boek, kleedsje en drinken mei. Sy dogge de telefoans út en de boeken iepen. Foarôf en nei ôfrin skriuwt De Kulturele Apoteek op resept boeketips út. De tagong is fergees en oanmelde is net nedich.

Foto: ©Mirjan van der Meer

Wêrom Page Against the Machine?
Tryntsje van der Steege, projektlieder by Ljouwert Unesco City of Literature: “Ut ûndersyk docht bliken dat we wol lêze wólle, mar yn de hektyk fan de dei opslokt wurde troch ferplichtingen en ôflieding troch alderhande skermen. Wy wolle lêze om te ûntspannen, mar binne te drok om te ûntspannen. Dêrom: lit ús tiid meitsje om te lêzen, krekt sa’t we dat dogge om te sporten of te iten, sûnder telefoan dy’t ús libben bepaalt.”

Ynternasjonaal evenemint
Page Against the Machine is in ynternasjonaal evenemint dat lêzers, jong en âld en fan alle eftergrûnen, byinoar bringt om mei-inoar fan lêzen te genietsjen. It inisjatyf komt út Norwich Unesco City of Literature. Ek yn Cities of Literature Iowa City (US), Slemani (Irak), Dunedin (Nij-Seelân), Exeter (UK), Melbourne (Australië) en Tartu (Estlân) wurdt op 27 maaie mei-inoar lêzen.

Boeken op resept
De Kulturele Apoteek is der fan 13.00 oant 14.00 oere en fan 15.30 oant 16.30 oere by foar boeketips op resept. Boeken dy’t sy foarskriuwe, kinne direkt kocht wurde by de boekwinkel fan de Afûk, boekhannel Van der Velde of berneboekwinkel De Toverlantaarn of liend wurde by Tresoar of dbieb yn de stêd. Der is ek wat lêsfoer oanwêzich foar de spontane besiker.

Thús meidwaan
Wa’t net yn de Prinsetún wêze kin, kin thús of earne oars in favoryt plak om te lêzen sykje en in foto op social media sette mei #PageAgainsttheMachine, #CityofLiterature en #Leeuwardenliterature (en dêrnei de telefoan gau oan ’e kant lizze).

maaie 6, 2023 08:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.