Konsert Ljouwerter Bachferiening yn Doarpstsjerke Huzum op 2 juny
Resint ferskynd
De Ljouwerter Bachferiening – in koar fan entûsjaste, betûfte sjongers – jout op freed 2 juny in konsert yn de Doarpstsjerke Huzum.

Foto: Ljouwerter Bachferiening
Yn 1948 waard it koar oprjochte troch Kor Ket, bekend musikus yn Fryslân en grut leafhawwer fan Johann Sebastian Bach. Syn doel wie om de wurken fan Bach foar in breed publyk hearre te litten. Tsjintwurdich sjongt it koar neist muzyk fan Bach ek wurken fan oare klassike en hjoeddeiske komponisten.
Konsert Ljouwerter Bachferiening û.l.f. Geke Bruining-Visser
Yn de rige ‘Muzyk +’ fan Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum, Ljouwert: a-kapellawurken mei û.o. it motet Jesu meine Freude fan Johann Sebastian Bach.
Freed 2 juny 2023 fan 17.00 oant 18.00 oere.
Tagong fergees; in frijwillige bydrage wurdt op priis steld.
Fergees parkearje kin foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk).
Mear ynformaasje is te finen op www.dorpskerkhuizum.nl, www.facebook.com/dorpskerkhuizum en leeuwarderbachvereniging.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje