Konsert fan Wiebe Kaspers mei strykkwartet yn Doarpstsjerke Huzum op 21 maaie

maaie 6, 2023 08:27 Fernijd

In fertroud gesicht mei in nije namme. Sûnt de hjerst fan 2022 giet Wiebe Kaspers, frontman fan de band WIEBE, fierder ûnder de nije namme Kaspar. Net as solo-artyst, want hy siket by alle konserten topmusisy mei wa’t syn muzyk op it poadium goed ta syn rjocht komt. Sa nimt er yn de Doarpstsjerke Huzum in reachfyn strykkwartet mei.

Kaspar en strykkwartet (foto: ©PDFgrafie Piet Douma)

Kaspar leit útdaging yn de lieten. Foar himsels, foar de muzikanten dêr’t er de nûmers mei makket, en foar de harker om der wat úthelje te kinnen. “Ik wol wat yn myn lietsjes lizze dêr’t de harker in boadskip oan hat. Sûnder dat it boadskip te folle foar de hân leit. De lieten moatte sawol fragen oproppe as beäntwurdzje. Dat kin foar elkenien wat oars wêze.”

De kombinaasje fan syn suvere stimlûd, en de ynhâld dy’t er yn syn lieten leit, soarget foar in autentyk, ambachtlik en artistyk resultaat. As sjonger doart er him kwetsber op te stellen nei syn publyk en himsels ta. Mei in nijsgjirrigens nei wat der libbet yn de wrâld, tusken minsken, yn de natuer, wit Kaspar himsels in spegel foar te hâlden en sels te kiezen. Kaspar bringt nije nûmers mei moaie rimen, djippe ynhâld, op in poëtyske wize op melodieuze muzyk songen. Mysterieus op ’e eftergrûn, magysk realistysk op ’e foargrûn.

De tagongspriis is € 12,50; foar bern o/m tolve jier € 2,50 (mei konsumpsje yn it skoft ynbegrepen). Tagongskaarten kinne fan tefoaren digitaal kocht wurde fia it Ticketkantoor: www.ticketkantoor.nl/shop/Wiebekaspers.

By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne – op rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk).

Mear ynformaasje stiet op www.dorpskerkhuizum.nl, www.facebook.com/dorpskerkhuizum en www.kaspar.nu.

Doarpstsjerke Huzum (foto: Jan de Vries)

maaie 6, 2023 08:27 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.