KNAW-partnerskip foar Nelleke IJssennagger, direkteur Fryske Akademy

maaie 21, 2023 08:24

Dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder en ûndersiker by de Fryske Akademy, hat ien fan de tsien KNAW Early Career Partnerships (ECP) takend krige. Dêr kinne ûndersikers ynnovative ideeën of metoaden foar ûndersyk mei ferkenne. Hja krije dêr in bedrach fan € 10.000 foar takend, om in ynterdissiplinêre gearkomste te organisearjen.

Nelleke IJsennagger (foto: Omrop Fryslân)

Lagen fan betsjutting
Frou IJssennagger-van der Pluijm is der tige wiis mei dat se it ECP takend krige hat: “It jout my in prachtige kâns om de ynterdissiplinêre gearwurking fierder út te bouwen. Yn myn gefal giet dat oer it sintraal stellen fan de kust en it tijgebiet as holistysk ûndersykstema en as lânskip fan lagen fan betsjutting, dy’t net mei-inoar konkurrearje moatte soene. It is in moaie kâns foar gearwurking yn Fryslân – yn it foarste plak mei prof. Theunis Piersma fan BirdEyes, mar ek mei oaren – en ynternasjonaal. Want dit tema ferbynt Fryslân mei de hiele wrâld.”

Promovearre ûndersikers
It ECP kin takend wurde oan promovearre ûndersikers dy’t wurksum binne by in universiteit of in ûndersyksynstitút Nederlân, ynklusyf it Karibysk diel fan it Keninkryk, en net langer as sân jier lyn promovearre binne. Alle jierren krije maksimaal tsien ûndersikers in ECP. Op de webside fan de KNAW is te lêzen wa’t der dit jier fierder ien krige hawwe.

maaie 21, 2023 08:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.