Kaartspul ‘Ofdwale yn Noardeast-Fryslân’

maaie 13, 2023 08:23

[L]2023 (Lânskipstriënnale 2023) hat foar Noardeast-Fryslân in konsept ûntwikkele om de regio te belibjen. It hjit Bezienswaardigheden en beleving. It konsept bestiet út in stikmannich digitale kaarten en it kaartspul Ofdwale yn Noardeast-Fryslân. Dat is yn gearwurking mei de stifting Vitale Waddenkust dien. De stifting is in frijwilligersorganisaasje dy’t de leefberens oan de Waadkust fuortsterkje wol troch nije inisjativen en it ferbinen fan besteande saken.

Ofbylding: Vitale Waddenkust

Foto: Visit Wadden

Mei it kaartspul giet men op ’en paad op ’e siik nei bysûndere lokaasjes yn de omkriten fan de Waadkust yn Noardeast-Fryslân. In oersichtlik lânskip mei rêst en romte. Dêr is it lânskip in leech kanvas dêr’t men de fantasij de frije rin litte kin. En as kroan fynt men oan de boppekant fan Nederlân de Waaddyk, dy’t it gebiet ynlik omearmet en beskermet. De kaarten wize jin in wei troch it lânskip. Se binne in manier om yn dy bysûndere krite te swalkjen sûnder te ferdwalen.

It kaartspul is ôfrûne woansdei by de maitiidsgearkomste fan de QOP (Fersnellingsaginda Noardeast-Fryslân) yn Bûtenpost troch de stifting Vitale Waddenkust oanbean oan de wethâlder toerisme Noardeast-Fryslân, Pieter Braaksma.

Mear ynformaasje oer it kaartspul is te finen op www.visitwadden.nl/ofdwale.

Utrikking kaartspul troch Sjak Papma oan wethâlder P. Braaksma (foto: E. Veenstra)

maaie 13, 2023 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.