Jouster Fanfare Orkest organisearret Befrijingskonsert

maaie 1, 2023 08:17

It Jouster Fanfare Orkest jout op freed 5 maaie in konsert ta eare fan de frijheid. It konsert wurdt holden yn De Trinitastsjerke op It Hearrenfean en begjint om 20.00 oere.

Mei sang fan it Lemster Manljuskoar, skilderijen fan skoalbern fan CBS De Burcht en CBS De Roerganger, gedichten fan learlingen fan it Bornegokolleezje en ferhalen fan minsken dy’t de oarloch oerlibben, wurdt it in konsert mei muzyk en wjerfarringen út dy tiid. Klaas Jansma sil de presintaasje op him nimme.

Ut dy ferskillende ynfalshoeken wei sil ‘de frijheid’ of it ûntbrekken dêrfan, dield wurde. De muzyk en ferhalen wurdt stipe mei projektearre bylden. Troch de kombinaasje fan byld, ferhalen en muzyk wurdt it gefoel en de betsjutting fan it begryp ‘frijheid’ op ferskate manieren oerdroegen.

Kaarten binne te besetten fia www.jousterfanfare.nl, Primera De Jouwer, Boekhuis De Brug op It Hearrenfean en drogisterij Hak op ’e Lemmer.

Boarne: Jouster Fanfare Orkest

maaie 1, 2023 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.