Jongereinpanel fan asega’s helpt DINGtiid mei Frysk taaladvys

maaie 31, 2023 08:35

Tolve Fryske studinten en jonge profesjonals sille DINGtiid as asega’s helpe by syn advyswurk. De asega’s wurde beneamd foar in perioade fan twa jier.

Upstalsbeam (foto: Wikipedia/Matthias Süßen eigen wurk – CC BY-SA 2.5)

DINGtiid is oprjochte fanwegen de Wet gebrûk Fryske taal (2014). It bestjoer wol graach dat de advizen dy’t DINGtiid útbringt ek heard en toetst wurde by de folgjende generaasje dy’t him foar de Fryske taal ynsette wol. Foarsitter Jan Koster fan DINGtiid: “Ynbring fan jongelju by ús wurk is hurd nedich. Boppedat wolle wy graach harren belutsenheid by it Frysk fergrutsje. Ek mei it foarútsjoch dat wy it stokje trochjaan kinne oan de folgjende generaasje Friezen dy’t him mei taal en taalbelied dwaande hâlde wol.”

Skiednis ‘asega’ en ‘Pinkstertiisdei’
In asega wie yn de hege midsiuwen in ‘rjochtsizzer’, in kenner fan it rjocht. Hy advisearre de rjochter. Yn dy tiid waard in rjochtsitting – in ‘ding’ – iepene mei de fraach: “Asega, is it dingtiid?” En dy fraach waard dan beäntwurde: “Ja, dat is it.” Letter, yn de 13e iuw, kamen rjochters út de sân Fryske seelannen jierliks byinoar, op Pinkstertiisdei, om mei-inoar rjocht te sprekken en nije regels ôf te praten. Dat barde by de Upstalsbeam, in rjochtplak deunby Aurich. Ut dyselde tiid stammet ek in leginde dêr’t yn ferhelle wurdt dat oan tolve asega’s it rjocht fan de Friezen jûn wurdt.

Nammen asega’s
Acht asega’s binne ûnderwylst beneamd: Arjen Bloem, Willem Duijff, Welmoed Sjoerdstra, Sibrecht Veenstra, Syrou van der Velde, Fardau Visser, Jelmer Quartel en Pieter Zijlstra. Harren is frege om út it eigen netwurk nije nammen oan te bringen. Op koarte termyn sil DINGtiid dan nochris fjouwer asega’s beneame.

maaie 31, 2023 08:35
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lútsen maaie 31, 10:59

    Tingje, ôftingje is mei in T; nuver dy D yn ‘ding’ en ‘dingtiid’.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.