Jierferslach tsjûget fan warbere Bewegingsried

maaie 7, 2023 09:01

Stipers fan de Ried fan de Fryske Beweging wiene de lêste jierren wend oan elk fearnsjier in Frysktalich magazine op de doarmatte. Mar yn desimber 2022 ferskynde de lêste jefte fan DE NIJE. Wêrom, dat stiet te lêzen yn it jierferslach oer 2022 fan de Ried. Dat krigen de stipers diskear kreas opmakke yn print thúsbesoarge.

By de personalia stiet dat Reinder Reitsma ta ynterimfoarsitter beneamd is. Foto: Ried fan de Fryske Beweging

It jierferslach is kleurryk printe en oersichtlik foarm jûn. De aktiviteiten binne beskreau yn haadstikken mei titels lykas Ynterne saken, Eksterne kontakten en Polityk. Dêrûnder is yn koarte paragrafen te lêzen dat de Ried ferline jier hiel wat beskrept hat. Ut de titels dêrfan is al te begripen wat dat allegearre krekt wie. Under it lêstneamde haadstik binne dy bygelyks: Oerlis mei deputearre Poepjes, Besunigingsplannen taal en kultuer, Omtinken foar taal plaknammen, Ynbring Steateferkiezingen, Ried ynformearret Europeeske hifkers oer soarchlike taalsituaasje en Brief nei Committee of Experts.

Ien paragraaf jout ynformaasje oer de suksesfolle politike kommisje (POK) fan de Ried. Dêr stiet: De politike kommisje fan de Ried jout frege en net-frege advizen. De POK hat yn 2022 fjouwer kear oerlis hân en hat as gasten ûntfongen: DINGtiid, Afûk (oer ynternasjonale projekten), Brede Maatskiplike Diskusje Frysk (BMD) en Steatekomitee Frysk (oer ynput nije BFTK). Yn de POK hawwe ûnder oaren de folgjende ûnderwerpen oan de oarder west: takomst Frisistyk, besite Committee of Experts, de nije BFTK, takomst Tresoar. De Fryske Twadde Keamerleden, dy’t yn de POK sitte of dêryn fertsjintwurdige binne, hawwe fragen oer de posysje fan it Frysk steld oan de nije minister fan Ynlânske Saken, Hanke Bruins Slot, en dêr yn it Frysk (en it Hollânsk) antwurd op krigen. Der sieten yn 2022 tsien minsken yn de POK. Dan folgje de nammen.

Habtamu de Hoop (foto: Julian Kock) is lid wurden fan de POK

Yn de paragraaf oer de DE NIJE wurdt nochris útlein wêrom’t dy der net mear is: De basis wie te smel om troch te gean. De provinsje woe der gjin jild yn stekke en dat soe nedich wêze om in mear profesjonele opset fan dit magazine te krijen. It dreau te folle op frijwillige meiwurkers en dat brocht de kontinuïteit yn gefaar. De ôfrûne trije jier (2020, 2021 en 2022) is in moai produkt delset. De stipers fan de Ried (272) krigen DE NIJE fergees tastjoerd en dêrbûten wiene der oan de ein fan it jier 110 abonnees, 15 mear as it jier dêrfoar. It wie net genôch.

Mar foar wa’t graach Frysk lêst, is der lykwols hope: Doel is om alle jierren om de Fedde Schurerlêzing hinne noch wol mei in spesjale ‘glimmer’ te kommen, oanslutend by it tema fan dy lêzing. (…) Fierder ferskine der noch kollums en opinystikken op It Nijs dy’t oars yn DE NIJE ferskine soene.

It folsleine jierferslach is hjirre foar eltsenien digitaal te lêzen: Jierferslach 2022 Ried fan de Fryske Beweging

maaie 7, 2023 09:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.