Jan Schokker: Fretfûgels

maaie 27, 2023 07:00 Fernijd

Kollum

Foar in standbouputsje mochten wy in lytse wike nei Kortrijk, yn België. Nea west dêr, wol fakernôch op wei nei Frankryk hiel hurd derby lâns riden. No wit ik ek wol dat der deun neist seisbaansautodiken inkeld plak is foar grouwélige boudoazen fan bedriuwen dy’t earsterangs op sicht sitte wolle, en dat der faaks krekt efter dat grau en strak dekôr tige nijsgjirrige saken ferskûl geane. Sa ek yn en om Kortrijk. Hjir en dêr stiene moaie histoaryske gebouwen, bygelyks it juwieltsje fan in Sint-Elizabethbegijnhof. It efterlân fan Kortrijk wie ek bêst it neamen wurdich. Wy sieten yn in moai nij B&B-hotel yn Bellegem, in foarstedsje fan it doarp. Oan ’e ein fan de dei, doe’t ús stand nei tefredenheid stie, hiene wy om in restaurant yn Kortrijk socht, mar sa yn it begjin fan de wike wiene blykber alle ythúskes mei in Michelinstjer ticht. Friethuis Bellegem lykwols wie iepen. Ek bêst, is net oars, dan mar in patatsje.

No… patatsje?
It wie in grutte saak, mar net drok. By de doar al moasten wy in kar meitsje foar in bepaald menu. Patat mei fan alles en noch wat, miskien wiene der wol sa’n fyftich menu’s. Dy kar wie gau genôch makke, want ik hie honger as in Belgyske bear: foar my waard it in stoofpotsje, mei patat. Wy rekkenen fuortdaliks ôf en krigen doe in soarte fan bytring mei, dy’t by ús taffeltsje rattelje soe sadree’t it iten klear wie. Moasten wy thús ek ha, sei de frou.

Myn oandacht waard lutsen troch in Belgyske dy’t yn it sintrum fan ’e iepen keuken drok dwaande wie mei it omskeppen yn in oermjittige bult patat. Net in gewoan heapke, mar in ûnfoarstelber hege berch. De skeppe dy’t de frou brûkte liet my tinke oan dy fan myn eardere moaie buorman Wiemer, dy’t mei sa’n skeppe de groppe skjinmakke.

De Belgyske lege withoefolle doazen mei stikjes ierappel om de bulte op hichte te hâlden en folle mei grutte halen de bakken fet mei de petaten, sa’t se dy dêr neame. Soe se no oan it foarbakken wêze foar de hiele simmer, of moast dat jûn allegearre noch op? Soks koe ik my echt net yntinke.

De bytring trille, it wetter rûn der my fan om ’e tosken. Ik moast twa kear rinne om ús iten op te heljen. It lasanja-en-grientemenu fan de frou wie noch te huffen, mar myn blêd mei in mânsk board stooffleis en in Himalaya-heech opskepte bult patat hie eins mei in heftruck besoarge wurde moatten. Mei in djippe sucht begûn ik oan it aventoer.

Wylst streamde de saak fierder fol mei iters, it like as siet ik yn in spûkhûs. Allegear ûnhuere wêzens kamen deryn. De measten tsjok en grau en meunsterlik klaaid, sleau rinnende Belgen dy’t harren op de wiffe plestik kantinestuoltsjes deljoegen mei foar harren op ’e tafel de digitale bytring.

It folk kaam echt fan alle kanten oanrinnen, hiele húshâldingen rôlen deryn, bol en rûn en hast allegearre misfoarme troch MacDonalds. Yn gjin tiid sieten se efter kilometers frikandellen en kroketten, kilo’s spareribs en fansels hege bergen petaten.

En ik, yn shock iet ik troch. Wy binne bern fan krekt nei de oarloch, yn ’e grûn bedoarn, mar mei ynslipe gewoanten lykas ús itensboard leech ite en net opfallend nei oare minsken dikerje. Beide akkefytsjes slaggen my net. It fleis wie noch te dwaan, mar mei de petaten moast ik belies jaan. It wie my allegear te folle, fierstente folle.

Minsken, minsken, wat koene dy gasten ite. Fierwei de measten krigen it board skjin leech en setten har net lang dêrnei ek noch ta in net sa’n sunige sorbet. Dy earme stakkert dêr midden yn de iepen keuken haw ik net mear nei omsjoen. It kin net oars as dy hiele berch petaten fan dy baasfrou is jûns skjin opgien.

As ús heit en mem dat no sjen kinnen hiene, sy dy’t dei yn dei út sunich mei de ierappels ompielden, mei de tefredenheid dat se dy op ’e tafel sette koene…
Eins wie it in trystige jûn.

maaie 27, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.