Jan Bosgraaf: It falt net ta

maaie 20, 2023 07:55

Kollum

Hy set syn deeglike swarte fyts, sa’nien mei in rjocht stjoer en sûnder fersnellingen, tsjin de beam dy’t foar it bankgebou stiet. Foar alle wissichheid docht er him op ’t slot, want der is hjoed-de-dei neat mear feilich. Dat wie eartiids wol oars, tinkt er by himsels. Doe waard der nea in fyts op slot set. Hy sjocht noch efkes om him hinne en stapt dan op syn kreaze Scherjontsjes it bankgebou yn en op de ynformaasjebaalje ta. As er de pet fan ’e holle nimt, komt der in moaie toefe griis-wyt hier foar it ljocht.

“Goemoarn! Wêr kin ik jo mei helpe?” freget de jonge meiwurker efter de baalje freonlik.
“Ja, sjoch, it sit sa. Alle lêste sneonen fan ’e moanne krij ik in ôfskrift fan myn bankrekken, mar ôfrûne sneon ha ’k dat net krige,” anderet de âldman.
“Dat is mooglik. Wy hiene fan ’e wike in lytse kompjûtersteuring. Dat sadwaande kin it wêze dat it ôfskrift in pear dagen letter komt,” leit de meiwurker út. “Ik sjoch wol efkes. Wat is jo namme?”
“Feenstra.”
“En de foarletter?”
“J; fan Jehannes,” jout de âldman as ferdúdliking.
“En wat is jo bertedatum?”
“Wêrom wolle jo dat witte?” is de ferhearde tsjinfraach.
“Dan kin ik sjen hokker rekkennûmer jo hawwe,” anderet de meiwurker.
“Mar dat wit iksels wol!” En de âldman neamt it nûmer.
“Dat kloppet!”
“Wat hiene jo dan tocht?!” is it beskied. “Dat ik myn eigen rekkennûmer net wit? No moat it net mâler! Sa’t ik sei, ik haw sneon gjin ôfskrift krige en ik moat wol witte hoefolle jild oft der op ‘e rekken stiet. Thús kin ik it net neisjen, want myn kompjûter is nei de makker. Sjoch, it is desimber en dan meitsje ik altyd wat jild oer nei myn pakesizzers, begripe jo? En ik moat sels ek wat jild hawwe.”
“Ja, ik begryp it,” seit de meiwurker. “Ik sil wol efkes foar jo sjen.” Hy typt de nedige gegevens yn, folget de ynformaasje dy’t op op it skerm ferskynt en seit hoefolle jild oft der op ’e rekken stiet.
“Dêr sil net folle oan mankearje,” is de ûnfersteurbere reaksje fan de âldman.
“Dêr mei gjin sint oan mankearje!” seit de meiwurker noch altyd like freonlik.
De âldman reagearret der fierders net op.
“En, sa’t ik sei, ik moat ek wat jild hawwe, mar jimme nije jildautomaat docht it net. Ik tink dat der wat oan mankearret.”
“Wêrom tinke jo dat?” freget de meiwurker mei in glimk op it gesicht.
“Der stiet op dat ding, dat er it nûmer net ken. No, dat bestiet net! Ien kear yn ’e moanne helje ik jild en mei de foarige automaat joech dat nea swierrichheden. Ik koe my der altyd wol mei rêde. Kinne jo my der no faaks efkes by helpe? Want sa goed kin ik no ek wer net mei dy nijmoadrige apparaten omgean. Benammen net, as se wegerje. Dan bin ik der glêd mei oan.”

Foto © Jan Bosgraaf

De meiwurker heart it relaas fan de âldman geduldich oan. “Faaks hawwe jo eat net goed dien, in ferkearde pinkoade yntoetst of sokssawat, mar ik help jo der wol efkes mei.”
Tegearre sette se op de jildautomaat ta.
“As jo my jo paske efkes jouwe, dan toetse jo daalks de pinkoade mar yn. Hoefolle jild hiene jo hawwe wollen?”
“Doch mar fiifhûndert euro. Dêr kin ik in hiel skoft mei ta.” En de âldman langet syn paske oer.
De meiwurker besjocht paske it en seit: “Ik sjoch it al. Dit paske is ferrûn!”
“Ferrûn? Hoe kin dat no? It is noch sa goed as nij!”
“Ja, dat is wol sa, mar sjoch, der stiet in datum op hoelang oft it jildich is. En dat is in moanne lyn. Jo moatte al lang in nij paske fan ús krigen hawwe. Ik sil wol efkes sjen.”

De meiwurker giet werom nei de baalje, typt wat gegevens yn, sjocht op it skerm en seit: “Ja, hear! Twa moanne lyn hawwe jo oer de post in nij paske fan ús krige.”
De âldman tinkt efkes nei. “No’t jo it sizze, stiet my der wol wat fan by. Dus dat paske hie ’k no brûke moatten?”
“Ja! Dit paske kinne jo wol stikken knippe en fuortsmite. Dit paske is no blokkearre. Dat giet automatysk.”
“Dat sil wol. Dêr ha ’k gjin ferstân fan. Alles giet hjoed-de-dei automatysk,” seit de âldman mei eat fan fertwiveling yn syn stim. “Mar jo kinne dochs wol wat jild foar my opnimme, as ik dat goed fyn?! Uteinlik binne it myn sinten.”
“It spyt my tige, mar dat mei ik net dwaan. Dat binne no ienris de regels.”
“No, dan moat ik earst mar nei hûs om te sjen oft ik it nije paske fine kin. Neffens my ha ’k it yn it kammenet lein. Ja, sjoch, it ûnthâld wurdt wat minder, mar fierders bin ik noch aardich by de tiid.” En de âldman makket risselwaasje om fuort te gean.
“As jo it net fine kinne, komme jo mar werom hear. Dan bestelle wy wer in nij paske foar jo.”
“Mar no kin ik dus wier gjin jild krije?” freget de âldman nochris.
“Nee, Feenstra, it spyt my tige, mar dat kin wier net!”

De âldman seit neat mear, skodhollet, set de pet wer op syn griis-wite toefe en klosket op syn Scherjontsjes de bank út. Omgean mei de hjoeddeiske elektroanyske en digitale technyk falt foar âlde minsken bytiden net ta.

maaie 20, 2023 07:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.