Briefkje (64): Is technology ús mear wurdich as it ynsetten op betûfte kenners fan it Frysk?

maaie 9, 2023 08:00

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn brief.

Bêste Jan,

in protte ûnderfining mei oersetfunksjes haw ik net, mar de kearen dat ik Google Translate brûkte, bygelyks om mear fariaasje yn wurdkar te sykjen, wie ik soms ferstuivere hoe’n ferbjusterjend goede oersetting oft út en troch levere waard. Dan kriget men it idee dat it systeem wier begrypt wat men bedoelt; fassinearjend, mar ek ferrifeljend, fansels.

Dyn foarbyld fan de oersetting fan ‘scharen’ yn de betsjutting fan ‘jin foegje by’ is dochs wol bysûnder. Der wurdt in ferbân lein mei in skjirre en dêr wurdt ek nochris in je-tiidwurd fan makke. Dat tsjûget fan in beskate foarm fan yntelliginsje, al is it dan keunstmjittich. Dat lêste wurd hat ek de betsjutting fan ‘ûnecht’, ‘neimakke’, men soe hast sizze fan ‘ynferieur’, ‘twadderangs’, suver ‘falsk’. Dy skerpe wurden kom ik noch op werom, mar earst wat oars.

Der is in drege grammatikale bysûnderheid dy’t ik al earder op it aljemint bringe wollen hie, mar no yn ferbân mei oersettechnology noch helte nijsgjirriger is. Hoe soenen digitale systemen har rêde kinne mei it neikommende?

In sin lykas ‘As ik dat witten hawwe soe, soe ik it oars dien hawwe’ wurdt gauris ferienfâldige ta ‘As ik dat witten hie, hie ik it oars dien’. Mei ‘hie’ bedoele wy dus itselde as ‘soe hawwe’. No wurdt it tiidwurd ‘dwaan’ ferbûgd mei hawwe, mar by in tiidwurd dat mei wêze ferbûgd wurdt, sjogge wy dat ‘hie’ ek foar ’t ljocht komt as wy in konstruksje mei ‘soe’ mije wolle. Sjoch mar nei de sin: ‘As it min waar west hie, hie ik net kommen’. Gewoanwei soe it wêze: ‘wie ik net kommen’, mar yn de betsjutting ‘soe ik net kommen wêze’ brûke wy hie. It is ús te yngewikkeld om te sizzen ‘soe ik net kommen wêze’, en ‘soe ik net kommen west hawwe’ giet ús al hielendal te fier. De kompleksiteit fan konstruksjes mei soe wurdt oplost troch wie te feroarjen yn hie. Mar is dat wol in ferienfâldiging? It is al dreech om it hjir sa dúdlik mooglik út te lizzen, lit stean dat it ferwurke wurde moat yn in digitaal oersetsysteem.

Oersetten fan it Frysk nei it Hollânsk en oarsom is yn dit gefal net iens it dreechste, want yn beide talen komt dy wiksel fan wie/was en hie/had foar. Sa hearde ik okkerdeis ien yn it Hollânsk sizzen: ‘Als hij er niet geweest was, had het heel anders gelopen’. Ja krekt: dan hie it oars rûn.
Dy sin wurdt troch Frysker kreas oerset, foar safier’t it om boppeneamde problematyk giet. Mar der slûpt wer in oar probleem yn: It foarste part ‘Als hij er niet geweest was’ wurdt oerset mei ‘As er der net west hie’. Oan ’e iene kant bin ik dêr wiis mei, want er as de enklityske foarm fan hy sjocht en heart men hieltyd minder faak. (Dat proses is al jierren oan ’e gong). Mar oan ’e oare kant is it my net nei ’t sin, want de klam leit op hij en dat moat yn it Frysk ek hy wurde. Hoe kin de technyk dat witte? Dêr is kontekst foar nedich. En no bin ik by de opmerking fan O. Setsma op dyn brief (63): ‘Der moat hifke en ferbettere wurde troch betûfte kenners fan it Frysk’! As de kennis fan it Frysk net trochjûn wurdt op skoalle en universiteit, moatte wy it dwaan mei behyplike technology. Hoe fassinearjend ek, technology is út soarte twadderangs.
In skerp oardiel faaks, mar hat de wierheid net in skel lûd?

Mei freonlike groetnisse,

Ed

maaie 9, 2023 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.