In nije maitiid en in nije Ried
Resint ferskynd
Skôging
Op de maitiidsgearkomste fan de Ried fan de Fryske Beweging op moandeitejûn 15 maaie yn Marsum koe spitigernôch it útstel om de Ried in nije struktuer te jaan noch net oannommen wurde, omdat it fereaske tal minsken mei stimrjocht net oanwêzich wie.
Pier Bergsma
De Ried fan de Fryske Beweging waard oprjochte yn 1945 as koepelorganisaasje foar it aardich grutte tal organisaasjes dat him foar de Fryske taal en kultuer ynsette. Guon fan dy organisaasjes binne ferdwûn of hawwe in sliepend bestean. Fan de njoggen dy’t noch by de Ried oansletten binne, wiene der moandeitejûn trije oanwêzich: it Boun om Utens, de Warnsbetinking en Krúspunt. Trije oare hiene ôfberjocht dien en de lêste trije hiene neat fan har hearre litten.
Eins giet it sa al jierren. Dy koepelstruktuer wurket net en guon binne fan betinken dat dy nea wurke hat. Al mei al reden om ta in nije opset te kommen dy’t strykt mei de deistige praktyk. Ut eigen ûnderfining fan tolve jier yn de Ried kin ik sizze dat dy praktyk derop delkomt dat it bestjoer fan de Ried eins alle wurk ferset en de besluten nimt, sûnder dat de oansletten organisaasjes der in soad mei te krijen hawwe.
Dochs fynt de Ried it fan grutte wearde dat elke organisaasje dy’t opkomt foar Fryslân, de Fryske taal en kultuer, bining hâldt mei de Ried fan de Fryske Beweging. Dêrta wurdt der in advysried oprjochte dy’t sûnder streekrjocht oansletten te wêzen, meiprate en meitinke kin.
De nije struktuer komt derop del dat de Ried dan bestiet út in bestjoer dat selsstannich besluten nimt en selsstannich wurket yn en nei oerlis mei dy nije advysried. Fansels hat it bestjoer dat útstel foarlein oan de oansletten organisaasjes, harren miening hifke en boppedat harren eksplisyt útnûge om oanwêzich te wêzen op de gearkomst fan moandeitejûn.
Ien en oar waard moandeitejûn helder útlein troch bestjoerslid en ponghâlder Arjen Dykstra. Dat it foarstel net oannommen waard, hie allinne te krijen mei it tal oanwêzigen, goed tweintich, en dêrfan te min mei stimrjocht. It bestjoer komt ynkoarten mei in ferfolch, want ien en oar moat statutêr fêstlein wurde.
Fûgels fleane yn de loft en net yn de lucht
By it omfreegjen kaam Tom Dijkstra oan bar dy’t him fernuvere dat it lêste ûnderwiisynspeksjerapport neat skreau oer de posysje fan it Frysk. Stiper Hein van der Vliet fan It Hearrenfean memorearre dat er al in pear kear kontakt opnommen hie mei Omrop Fryslân om út te lizzen dat wy yn it Frysk twa wurden hawwe foar it Nederlânske wurd ‘lucht’. Fûgels fleane yn de ‘loft’ en wy azemje ‘lucht’. Dêr soe waarman Jan Jonkman fan op e hichte brocht wurde moatte. Oant no sûnder resultaat. Soe de Ried der net ris efteroan kinne?
Foarsitter Reinder Reitsma koe it saaklik part fan de gearkomste foar njoggenen ôfslute nei’t bestjoerslid Nanne Hoekstra ferslach dien hie oer de digitale nijskrante fan de Ried.
Aktiviteiten taalpromoasje
Nei it skoft kaam Mirjam Vellinga fan de Afûk oan it wurd oer de aktiviteiten fan har organisaasje. It giet dan bygelyks oer taalbewustwêzen, ynsjoch yn taalgedrach en wichtich: hânfetten foar gedrachsferoaring. Nije sprekkers fan it Frysk blike de taal mar sporadysk te brûken. Dat hat ek te krijen mei it taalgedrach fan de Friezen sels, dy’t maklik yn it Nederlânsk oergeane as se fernimme dat de oare net fan hûs út Frysktalich is. Gewoan Frysk trochprate wurket it bêste.
De Afûk besiket om duorsume relaasjes op te bouwen mei bedriuwen en ynstânsjes om sa it Frysk in better plak te jaan. Boppedat hat de provinsjale oerheid jild beskikber foar de sichtberens fan de taal.
Al mei al in tige nijsgjirrige foardracht oer it goede wurk dat de Afûk út ’e wei set foar it Frysk.
Foar mear ynformaasje: Mirjam Vellinga@afuk.frl.
Spitigernôch noch hyltiid gjin beslút om in urgendaproses tsjin de ‘staat der Nederlanden’ úytein te setten.
In coupe fan it bestjoer, dêr komt dit op del. Lizze de riedsleden te sliepen?