Iepening swimwetter Fryslân mei frisse dûk

maaie 19, 2023 08:16

Mei in frisse dûk yn de Langwarder Wielen joech deputearre Sietske Poepjes woansdeitemoarn 17 maaie it startsein foar it swimmen yn it Fryske bûtenwetter. Dat barde nei in útlis fan deputearre Douwe Hoogland oer hoe’t swimwetteradvizen ta stân komme. Alle jierren wiist de provinsje Fryslân iepen swimwetterlokaasjes oan. Dit jier binne it der 53.

Foto: Provinsje Fryslân

Yn opdracht fan de provinsje kontrolearje Wetterskip Fryslân en FUMO de swimwetterlokaasjes yn it swimseizoen tusken 1 maaie en 1 oktober. Wetterskip Fryslân mjit op 34 lokaasjes de kwaliteit fan it wetter, foar de oare 19 swimwetters (Iselmar, Waadsee en Noardsee) is Rykswettersteat ferantwurdlik. Om de twa wiken nimme de meiwurkers fan it Wetterskip op in lokaasje wettermeunsters en mjitte se oft der baktearjes en blau-algen yn it wetter foarkomme, dy’t sykten feroarsaakje kinne. FUMO hâldt tafersjoch op feiligens en hygiëne.

Om mear dúdlikheid te jaan yn it soarte fan warskôgingen en klassen foar swimwetter presintearre deputearre Douwe Hoogland woansdeitemoarn de ynfographic ‘Zwemmen in Buitenwater’. Dêr stiet op ôfbylde wat der op de blauwe ynformaasjebuorden by de lokaasjes stean kin, lykas in warskôging of in negatyf swimadvys en wat te dwaan by dy fermeldingen. De ynfographic is te finen op de websiden fan de provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân, FUMO en social media. Fia www.zwemwater.nl of de swimwetterapp kinne swimmers sjen wêr’t se yn hiel Nederlân feilich swimme kinne.

Hjittere simmers en ekstremer waar leverje mear kâns op sûnensklachten lykas swimmersjokte, pineholle, mage- en termklachten, dy’t har by smoarch swimwetter foardwaan kinne. Bettere mjitmetoaden kinne dat gefaar earder opspoare. De trije ferantwurdlike ynstânsjes spanne har mei-inoar yn om de algemiene wetterkwaliteit yn Fryslân goed te hâlden, sadat de wille fan swimmen yn it bûtenwetter grut bliuwt.

maaie 19, 2023 08:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.