Iepening foto-útstalling Henk Kuiper mei boekpresintaasje fan syn soan Elmar Kuiper
Resint ferskynd

Henk Kuiper (boarne: priveekolleksje Elmar Kuiper)
Op freed 2 juny iepenet Tresoar yn Kafee De Gouden Leeuw in lytse útstalling mei portretten fan Fryske skriuwers, dy’t Henk Kuiper (1943-2005) yn de santiger jierren makke hat. By de iepening presintearret soan Elmar Kuiper syn nije dichtbondel Earthskin: in blomlêzing mei gedichten dy’t oerset binne nei it Ingelsk.
Ein 2020 krige Tresoar de foto’s en negativen mei portretten fan Fryske skriuwers en ôfbyldingen fan Frysk-literêre foarfallen, makke troch Henk Kuiper yn de jierren 1973-1984. De literêre fotokolleksje fan Kuiper bestiet út sa’n 150 portretten, dêr’t no sa’n 30 fan tentoansteld wurde. Oer de portretten sei Kuiper yn in fraachpetear mei Douwe Kootstra yn De Strikel fan febrewaris 1983: “It moat goed lykjend wêze. It grutte probleem is dat der mar ien de wrâld yn giet. Dat iene portret moat it dwaan. Dêr hast muoite mei, want hast sokke nijsgjirrige, ekspressive minsken, dy’t safolle gesichten sjen litte. Om dêr in kar út te meitsjen, dat is heel bepalend.”
By syn foto’s fan Fryske skriuwers hat Kuiper besocht om syn eigen subjektive wize wer te jaan fan wat hy seach as it aard fan dy skriuwers. De mear as hûndert foto’s dy’t Kuiper neilitten hat, foarmje no in ryk besit dêr’t Tresoar út putte kin. Dizze foto-eksposysje is dêr in ûnderdiel fan.

Boarne: Copper Coin

Elmar Kuiper (foto: Joyce Schotsborg)
Boekpresintaasje Earthskin
Fierder stiet dizze middei yn it ramt fan de nije blomlêzing fan de soan fan Henk: Elmar Kuiper. Yn 2019 reizge er ôf nei Kolkata om diel te nimmen oan in grut poëzyfestival Chair Poetry Evenings. Nei ôfrin fan in optreden stapte Sarabjeet Garcha (dichter en útjouwer fan Copper Coin) op him ôf, mei de fraach oft er syn wurk by him útjaan woe. It kontakt wie lein en David Colmer (skriuwer en oersetter) sette in seleksje út acht bondels fan Kuiper oer nei it Ingelsk: 60 Fryske en 20 Nederlânske fersen.
It earste eksimplaar fan de bondel rikt Kuiper út oan Geart Tigchelaar, dy’t foar it neiwurd soarge. Der binne ek optredens fan Abe de Vries, Martijn van Limbeek en Brecht Kuiper. Abe de Vries draacht foar út syn bondel Bloedprikke, dy’t yn novimber ferskine sil by Utjouwerij DeRyp. Martijn van Limbeek spilet nûmers dy’t op syn album Nachtingang in plakje krije. Brecht Kuiper sil in pear nûmers sjonge en Van Limbeek sil har op de piano begeliede. De presintaasje is yn hannen fan Kuiper sels.
Tusken 15.00 en 17.00 oere is elkenien fan herten wolkom yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar foar de spesjale dûbelpresintaasje. De portretten fan Henk Kuiper binne noch o/m septimber yn it literêr kafee fan Tresoar te sjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje