Iepen dagen by útjouwerij Steven Sterk

maaie 22, 2023 08:21

Op 26, 27, 28 en 29 maaie iepenet ramsjgruthannel Tialda foar de fyftjinde kear de doarren fan syn magazyn oan de Hellingbaas 1 op ’e Gordyk foar it publyk. De beurs is útgroeid ta in evenemint dêr’t tûzenen minsken út hiel Nederlân foar nei Fryslân komme.

Foto: Steven Sterk

Fjouwer dagen
De foarried ramsj (ôfprize nije boeken) bestiet út goed trije miljoen boeken. Alle titels binne skerp prize, mei koartingen oant santich persint op de nijpriis. De tagong is fergees en alle keapers krije in ekstra boek kado. Op alle fjouwer dagen binne de iepeningstiden fan 12.00 oant 17.00 oere. Dit jier meie de klanten wer troch de lange paden rinne dy’t oars ferbean gebiet binne. Oer in lingte fan oardel kilometer lizze goed 6000 titels te keap. Ferdwale is net mooglik, mar elk dy’t de goed seistûzen titels in pear kear by del rint, kin de jûnsfjouwerdagetocht oerslaan.

Steven Sterk is al jierren de grutste ramsjhanneler fan Nederlân en Flaanderen. It begûn yn 1989 mei in tydlik winkeltsje yn Snits en letter dat jier mei in boekwinkel en gruthannel yn Utert. Yn 2007 ferhuze de gruthannel nei De Gordyk. It papieren boek libbet. Yn it gebou fan ‘Tialda | Steven Sterk’ is ek útjouwerij Bornmeer | Noordboek | HL Books en Sterck & De Vreese fêstige. De útjouwerijen etalearje in part fan harren fûns mei de iepen dagen.

Nierstifting
Fanwegen it grutte sukses fan ferline jier is it diske fan de Nierstifting ek wer oan it evenemint tafoege. Under lieding fan de 95-jierrige Ruurdtje de Vries fan De Gordyk ferkeapje de minsken fan de Nierstifting dêr breidene sokken, truien en oar guod foar it goede doel.

maaie 22, 2023 08:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.