Fytsalvestêdetocht foar it earst oant 22.00 oere te folgjen by Omrop Fryslân

maaie 27, 2023 09:19

Pinkstermoandei is de dei fan de Fytsalvestêdetocht. Omrop Fryslân folget de fytsers yn harren 235 kilometer lange tocht fan Boalsert oant Boalsert. Foar it earst is de tocht oant 22.00 oere streekrjocht te folgjen fia radio, telefyzje en online by Omrop Fryslân, RTV NOF en Omroep Zilt.

Fytsalvestêdetocht (foto: © Omrop Fryslân)

Fan 08.00 oere ôf docht Omrop Fryslân ferslach fan it fytsevenemint op radio, online en telefyzje. Moarns earst út Dokkum wei. Middeis wurdt der sjoen by de stimpelpost yn Aldemardum. Dêr wurdt praat mei de fytsers en it publyk. Fierder is Timo Jepkema op ‘en paad as de fleanende ferslachjouwer om yn de ferskate stêden it evenemint fêst te lizzen.

Motorkamera
Op telefyzje en op de webside en app binne de hiele dei bylden fan de fytsers te sjen. Simone Scheffer, ús fytsende ferslachjouwer, fytst ek dit jier wer yn de tocht mei. Nij dit jier is dat se folge wurdt troch in motorrider dy’t har de hiele de tocht filmet. Op dy wize kin se noch better streekrjocht fan de tocht út ferslach dwaan.

Oant 22.00 oere
Elkenien kin dit jier foar it earst de tocht oant 22.00 oere live folgje by Omrop Fryslân. De lêste fytser wurdt om 21.55 oere live ynhelle.

De Fytsalvestêdetocht wurdt útstjoerd yn gearwurking mei RTV NOF en Omroep Zilt op Pinkstermoandei, 29 maaie. Fan 08.00 oere ôf is de tocht te folgjen by RTV NOF, Omroep Zilt en Omrop Fryslân fia radio, telefyzje en online.

maaie 27, 2023 09:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.