FryslânDOK ‘De Wetterspegel’ te sjen op 27 en 28 maaie
Resint ferskynd
Cees Buisman is wittenskipper en wit alles fan wetter. Troch syn wurk is er ta it ynsjoch kommen dat de westerske minske syn konsumpsjepatroan drastysk oanpasse moat. Foar de FryslânDOK ‘De Wetterspegel’ folget dokumintêremakker Bart Kingma him yn syn misje om dat ferhaal ûnder it omtinken te krijen. Te sjen op 27 en 28 maaie by NPO2 en Omrop Fryslân.

Cees Buisman (byld: Jan Bensliman)
Wa’t goed nei wetter sjocht, sjocht yn de spegel. It lit de tastân fan de wrâld sjen en dy fan minsklik hâlden en dragen. Mei de minne kwaliteit fan it oerflaktewetter, wettertekoarten en ferdrûging driget no in wetterkrisis. Ynnovaasjes en technologyske ûntwikkelingen kinne wol wat ferhelpe, mar lang net alles. Foar elk minske op de wrâld is deis 2.300 liter swiet wetter beskikber. Europeanen ferbrûke lykwols 4.000 liter deis en Amerikanen noch mear. Wetter is net by te meitsjen, en dus moatte we it brûken fan wetter nei ûnderen bystelle. It wetter moat earliker ferdield wurde oer de wrâld; de rike westerling moat feroarje.
Cees Buisman is heechlearaar biologyske omrintechnology oan de universiteit fan Wageningen en wittenskiplik direkteur fan Wetsus, it ûndersyksynstitút foar wettertechnology yn Ljouwert. Mei Wetsus stiet er oan de basis fan wichtige ynnovaasjes, mar elke ferbettering laat úteinlik ta in noch gruttere druk op grûnstoffen en dus ta in efterútgong. Neffens de heechlearaar is minder konsumearjen gjin efterútgong, mar laat it krekt ta in sterker bewustwêzen en wurde we dêr lokkiger fan. En dat is échte foarútgong. Hy hâldt elkenien in spegel foar, mar sjocht ek yn syn eigen spegel.
FryslânDOK ‘De Wetterspegel’
Sneon 27 maaie NPO2 15.30 oere (werhelling snein 13.26 oere)
Snein 28 maaie Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje