Frysktalige poëzyslam yn De Gouden Leeuw
Resint ferskynd
Wa’t de bêste Fryske foardrachtskeunstner is, sil dúdlik wurde op de folslein Frysktalige poëzyslam. Op woansdei 24 maaie om 19.30 oere sil it heve yn it tydlik kafee fan Tresoar, De Gouden Leeuw. Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma iepenet de jûn en Gabriëlle Terpstra hat de lieding.
SLAM
It is in klassike slam, wat betsjut dat it publyk kiest wa’t de bêste foardrager is, troch hieltyd twa stimmen oan de favoriten wei te jaan. Der binne trije omgongen: earst alle tsien dielnimmers, dan fiif dy’t trochmeie en as lêste de finale (twa finalisten yn in duel). Tusken de earste en twadde omgong is der in bysûnder yntermezzo mei Nyk de Vries, Dichter fan Fryslân 2019-2021, dy’t nij wurk hearre litte sil. Dat bart ûnder it genietsjen fan buorrelhapkes, wylst de stimmen teld wurde. De finalist dy’t de measte roazen fan it publyk kriget, wint de slam en in bedrach fan € 500,-.
As dielnimmer opjaan foar de slam kin fia info@dichterfanfryslan.nl oant 15 maaie of oant de ynskriuwing fol is. Alle dielnimmers wurde yn de oanrin nei de slam yn podcasts yntrodusearre. Se moatte rekken hâlde mei twa foardrachten fan elk maksimaal trije minuten en in repertoire foar de finale: yn sân minuten bringe twa finalisten om bar in fers. Alles yn it Frysk fansels.
De dielnimmers wurdt frege om fans, famylje en freonen mei te nimmen. Foar elkenien is de tagong fergees en oanmelde hoecht net. De organisatoaren tidigje op ferpletterjende foardrachten en poëtyske hichtepunten.
De Fryske SLAM! wurdt organisearre yn gearwurking mei Explore the North. Leeuwarden UNESCO City of Literature en Tresoar.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje